Drokte by âld en by nij yn Weidum

Wizige op 02-01-2019, 22:23:29

Drokte by âld en by nij yn Weidum

In goeie start fan it jier yn Weidum. Aldjiersnacht hat de ploech fan it Hokje en Swyn in machtich útsitfeest organisearre. Der wie in protte drokte en de hiele nacht troch wie der in protte oanrin. We hoopje dat der noch wat foto's folgje.

Nijjiersdei hawwe we de nijjierskuier hant. Dêr wie it ek wer lekker drok, de nijsit hjirfan wie ek wer goed besocht. Moaie tradysjes. Foto's binne makke troch Piet.

Wy fan de redaksje fan weidum.eu winskje jim in protte wille en sûnens ta yn 2019. 



« werom