DOKpop - it Dak derôf!

31 jannewaris 2019

Wizige op 26-11-2019, 15:37:49

DOKpop -  it Dak derôf!

Drok, húslik en gesellich dát wie DOKpop sneon 26 jannewaris. Mei man en macht waard it lytsskalige festival taret; de taskôgers wiene ferrast, de reaksjes prachtich.

DOKpop wie it Weidumer ôfskiedskado foar Gisi en Luit Jan Lukkes, nei oanlieding fan harren ôfskie as praktykhâldend húsarts yn ús terpdoarpke Weidum. It offisjele ôfskie fan harren praktyk en kliïnten wie foarige maitiid al. Mei DOKpop waard ôfskie naam, foar’t it pear ôfreizget nei Bonaire, fan kollega’s, kunde, famylje en freonen. 

Mei FUC as ôftraap begûn it festival fuort goed, de mannen wiene werom op harren ‘bertegrûn’, dêr wêr’t ea de earste akkoarden spile waarden. Annemiek en Marineke krigen mei Feik & Tjits de minsken hearlik oan it laitsjen en leine ek fuortdaliks út wat krekt it doel wie fan de boarding pass; eltse kleur en dus eltse groep gie yn estafetteferbân by de konsertlokaasjes del. En at de belle gie, koe men (nei in drankje helle te hawwen by de eardere medisynútjeftebaly) nei de folgjende lokaasje strune. Yn iten en drinken wie goed foarsjoen; pannen fol stamppot en earte stiene dampjend yn ûndersykskeamer 1.
De optredens yn de wenkeamer, op souder, yn de garaazje en yn de eardere sprekkeamer wiene bot slagge en memorabel. Lukkes sels sleat de jûn ôf, nei’t Tjerk syn gedicht ‘Weidum’ foardroegen hie, mei in pear skitterjende anekdoates út syn libben as doarpsdokter. 
De oanwêzigen sille harren noch lang ôffreegje wa dochs dy iene pasjint mei dy aparte fratsen west hawwe kinnen hat..?

DOKpop waard mei mooglik makke troch:
Klaas, Klaes, Wybo, Franci, Jan, Janneke, Beitske, Mees, Feikje, Wieke, Marijke, Siske, Annemiek, Marineke, FUC, Sytse, Jasmin, Yldau, Toanielferiening 'Oefening en Vermaak', Sjongerij Weidum, Menzo, Tjerk, Piet, Doarpshûs Weidum, alle itensiders & Harmonie Weidum.

Dernjonken giet grutte tank út nei de ferskate stypjende Weidumer ferienings & organisaasjes en fansels de famylje Lukkes foar it iepensetten fan harren hûs en praktykromte.