De minsken achter

8 jannewaris 2014

Wizige op 28-11-2019, 13:51:17

De minsken achter

Troch: Grietje Meulenaar Hjoeddedei libje we yn in wrâld wêryn ’t elts it drok hat. Faaks krije je as antwurd: “Ik ha it drok”, wannear ’t je freegje hoe ’t it giet. Yn in tiid wêryn ’t minsken yn it deistich libben aktyf binne, is it altiten wer bysûnder dat der frijwilligers binne. Frijwilligers dy’t neist harren eigen drokten ek noch tiid fine om har yn te setten foar it doarp. In soad aktiviteiten yn Weidum, Jellum en Bears wurde organisearre troch frijwilligers. En dat is prachtich! It bynt de mienskip en jout libben yn it doarp. Mar wat witte we eins fan dy frijwilligers? Wa binne se? En wat binne harren driuwfearen? Dat we net sûnder dy frijwilligers kinne, is foar elts dúdlik. Heech tiid om harren ris sintraal te stellen. Dizze kear bin ik by Franci Heeger fan it Wiel, dy’t yn ’e organisaasje sit fan it Krystbal. It earste oere dat ik by Franci sit, ha we it oer fan alles en noch wat. We treffe elkoar wol yn it doarp, mar echt prate oer wat je dwaande hâldt en wat je yn it ferline dien ha dogge je faaks net. En wat is it dan moai om dêr efkes de tiid foar te nimmen. Franci is fanôf it ûntstean fan it Krystbal by de organisaasje belutsen. Dat is no sa’n 18 as 19 jier ferlyn. Franci is net alhiel wis oer it tal jierren. Se fertelt dat se alris it tsienjierrich jubileum fiere woene. As tarieding soe Klaas Ploegh filmkes sjen litte fan foargeande jierren. Doe kamen se derachter dat der alve filmkes wienen. Franci: “Och, in alvejierrich jubileum is ek moai!” Se binne de tel kwyt. Mar dat jout neat. It is in prachtich feest dat alle jierren wer in soad minsken lûkt. It Krystbal is ûntstien út de gedachte dat it moai wêze soe dat der yn ’e dûnkere tiid fan it jier ek in feest is. In feest fan it ljocht. It earste Krystbal wie dan ek echt in Krystbal mei in soad grien, ballen en wol hûnderten waksine-kearskes. Soks hoege je yn dizze tiid net mear te betinken yn ferbân mei de brânfeiligens. Yn gedachten sjoch ik it hielendal foar my. Wat hat dat in sfear jûn! It Krystbal is troch de jierren hinne hieltiten moaier wurden. Geandewei is der in tema oan ferbûn en dy wurdt sichtber yn ’e útnoeging en at je jûns op ’e seal komme. Sa kin Franci har noch it tema ‘Venetië‘ yn ’t sin bringe, wêrby’t je mei in boat de seal yn kamen en oanleinen oan it plein fan San Marco. It sil jo dan ek net fernuverje dat de organisaasje bestiet út allegearre kreatieve geasten en handige hannen: Klaas Ploegh, Patrick Kramer, Klaes Tilma, Corina Punter, Tjebbe de Vries, Sjoerd van der Vegt, Jaap Groen en Jan-Arjen Visser. Franci seit: “Neat is te gek op in fergadering, alles kin!. En dat is moai, dat je net ôfremd wurde yn it kreatieve proses”. Neffens Klaes Tilma bewekket Franci altiten de kwaliteit. Sy wol perfoarst net dat it in soarte fan ‘Karnaval’ wurdt. Mar krekt dat de sfear en ambiânse delsetten wurdt fan in Krystbal. En dat neat te gek is, blykt wol út it foarbyld dat Jan-Arjen hielendal nei Blaricum gong om werom te kommen mei in echte ‘Chesterfield-bank’. Of dat der hielendal nei it suden fan it lân ôfreizge wurdt foar in fontein; op ’e kop tikke fia Marktplaats. “Yn ’e simmer geane we los mei it betinken fan in tema”, sa fertelt Franci. “En dêrnei komme we noch in kear as wat by elkoar. Yn de wiken foar Kryst binne der in oantal saneamde ‘timmer-dagen’ by Sjoerd van der Vegt. Dan wurde de grutte stikken fan it dekôr yn elkoar setten”. “It grutte sukses fan it Krystbal is dat der in soad frijwilligers út it doarp belutsen binne by de opbou fan de seal. Wy genietsje dan ek folop fan de jûn at we al dy minsken en frijwilligers byelkoar sjogge. Dat docht ús goed! Yn de wike fan it Krystbal krije we altiten in mei de hân skreaune brief fan Klaes Tilma troch de brievebus, wa’t frijwilliger is en wa’t wannear komt. Sa is der as it ware in draaiboek foar it opbouwen. De ferwevenheid mei in oantal oare aktiviteiten yn it doarp is ek moai. Sa wurdt de oanklaaide seal brûkt foar it Krystmiel foar âlderen út it doarp. En ek foar it twajierliks Binnenloftspul”. En wat is no eins de driuwfear foar dit frijwilligerswurk? Franci tinkt nei… “Oan it begjin fan it jier hoecht it foar my net sa nedich. At we ris in jier oerslaan soenen, dan soe ik dat net spitich fine. Mar at ik ien kear yn de ‘flow’ sit mei allegearre entûsjaste minsken dan gean ik der wer foar! En at it dan allegearre slagget dan bin ik wol in hiele grutske Weidumer!”