De geast fan Spultsjelittens

19 july 2016

Wizige op 28-11-2019, 09:07:22

De geast fan Spultsjelittens

De gemeentlike plannen foar nijbou op in braaklizzend stik lân yn Hopbilstergryp gongen oer. Troch de krisis wie der nimmen dy’t in nij hûs bouwe liet yn it plan Spultsjelittens. En sa bleau it stik grûn, dêr’t earder it spultsje fan pake Klaas en beppe Fardau stie, leech. In prachtich boartersplak foar de bern út it doarp. Wat minder der stiet, wat mear de fantasij de romte krijt. Mar boer Agema  spile oare spultsjes. Hy woe de grûn keapje om syn plannen troch te setten. In Agematower moast der komme, mei hotel-restaurant, kantoaren, apparteminten en boppe-yn it priveekantoar fan Agema himsels.
Nimmen hie rekken holden mei it testamint fan pake Klaas en beppe Fardau dy’t fêstlein hiene dat der op harren lân allinne plak wie foar loftkastielen.
In Berne Iepenloftspul yn twa helten. Mei in soad humor, ferskes, idioate dingen en in pear dikke, dikke triennen... Tekst en muzyk: Peter Sijbenga

Op in repetysjemiddei (woansdei 9 juny) klim ik op de tribune om de jonge spilers fan it Berne Iepenloftspul (BIS) oan it wurk te sjen. It fertroude plakje achter de tsjerke yn Easterwierrum is ynruile foar it romme fjild njonken doarpshûs De Twirre. Mar sa tusken it doarpshûs, loads en tribune yn, ha de bern wer in prachtich spylfjild. Mei in fier útsjoch oer it maitiidslân.
In soad tiid om te repetearjen is der net mear. Op 16 juny is de premiêre al. Mar de regisseur en syn kollega’s jouwe rêstich oanwizings en de bern harkje, spylje en sjonge. Sa lang repetearje se noch net bûten. De tekst en de ferskes kinne se út ‘e pinne, dat ha se yn de seal wol genôch oefene, mar de romte bûten moat no brûkt wurde.

Der spylje 35 bern yn it stik fan 2016, De geast fan Spultsjelittens. Der hiene har 70 opjûn. Dan is it wol bysûnder dat je meidwaan meie. Seis fan dy spilers sitte yn Weidum op skoalle. As se skoftsje ha se krekt efkes tiid om my te fertellen oer hoe’t it is om akteur by BIS te wêzen.
Hindrik Haima is de âldste, hy sit yn groep 8. “Ik wie de foarige kear ôfwiisd mar no doch ik al mei. Ik ha in moaie rol as berchbeklimmer. Dat is prachtich om te dwaan. Ik kin my lekker oanstelle en hiel dramatysk dwaan oer dy hege bergen wylst it mar in lytse klim is.”
De oare bern sitte allegear yn groep 7. De twillingsuskes, Hedwig en Welmoed Ouwersloot, wiene bliid dat se beide meidwaan meie. Hedwig docht ferskillende lytse roltsjes en dûnset as showgirl. ”Ik fyn it leuk om te dwaan mar de repetysjes binne soms wol lang.” Welmoed heart by de kamaraploech. Sy hat koartlyn de pols brutsen by it trampoline springen. “Folle lêst ha ik der net fan by it repetearjen. En it gips kin der gelokkich foar de foarstellings wer ôf.”
Rosa de Bree sit, lykas Welmoed, ek yn de kameraploech. Rosa fynt dat it repetearjen in soad tiid kostet mar se hat der nocht oan. “Lêsten moasten we it hiele wykein nei Snits ta foar de cd-opnames en no moatte we freedtemiddei en sneontejûn ek wer komme. Freed krije we de klean foar it earst oan en sneon komt de technyk derby.”
Sa groeit it iepenloftspul noch alle dagen.
Rixt Dijkstra is boufakker yn it stik. “Ik sit mei trije oaren yn de bouploech. De measte tekst ha ik yn sêne 11 en ik moat fansels mei sjonge.”
De overal is foar alle spilers it basispak. Dat sil foar de boufakkers grif net folle feroarje mar guon  oaren moatte harren wol geregeld ferstrûpe. It kleanûnwerp is fan’t jier fan Wolly Prins út Bears. Sy hat de bern frege om mei ideeën foar har ûntwerpen te kommen. Nei 25 jier Anneke Hogeveen kriget de oanklaaiing diskear fêst in hiel oar oansjoch.
Koen Smedema spilet Lieuwe Jan, ien fan de bern. Hy stie by it repetearjen gauris foaroan yn de groep. Koen is, lykas Hindrik, in fleurige en entûsjaste spiler. Hy giet hielendal op yn syn rol. “Wy moasten ús by de audysjes foarstelle en dêr in eigen stikje foar ynstudearje. Dêr koene wy allegear ferskillende emoasjes by sjen litte: lilk, fleurich, fertrietlik.” No, mei dy emoasjes kin Koen wol út ‘e fuotten.
En dan is it skoft om en moatte de bern wer oan ‘e bak.
Ik winskje harren in soad sukses by de útfierings en beloof dat ik op in woansdeitemiddei kom te sjen. Toi, toi, toi!

In pear wiken letter, op 22 juny, sit ik opnij op de tribune, mar no by de foarstelling, tusken grutte en lytse taskôgers. Bern fan wol fiif skoallen wurde apart ferwolkomme troch foarsitter Baukje Hiemsta út Bears. Foar de fjirde kear fermeitsje de akteurs fan BIS it publyk mei harren fantastyske stik. Wat boartsje dy bern op dat moaie stik grûn. Se betinke om bar it iene spultsje nei it oare. Allegear krije se in prachtich idee as se op dat iene plakje stean geane. Is dat de geast fan Spultsjelittens, dy ûnferwachte útbraak fan fantasij by al dy bern? Se hâlde ynterviews mei de kamara derby, beklimme hege bergen, binne ridders en jonkfrouwen, ferstopje harren, gûchelje, dogge in toanielstik en sa giet it mar troch. Wat se net sjogge is dat boer Agema snoade plannen hat. Ien jonge, Thomas, dy’t Potter neamd wurdt, hat dat wol troch. Fantasij hat hý net, mar de eagen hat er wol goed iepen.
Foar it skoft sjogge wy hoe’t de bern har fermeitsje op it stik lân. Blommen bloeie der net mear en de fûgels  binne ek ferdwûn, mar mei eigenmakke hynsteblommen in fûgelfluitsje, kinne se dy der wol by tinke.

Nei it skoft sjogge wy it toanielstik dat Potter skreaun hat oer pake Klaas en beppe Fardau. Pake en beppe wolle net yn in oanleunwente mar oant harren dea op it spultsje wenjen bliuwe. Mar de gemeente wol de boel platgoaie. Hoe komt dat? En hee, hie Potter gjin fantasij? It wurdt tige spannend as boer Agema de bern op it lêst fan it lân stjoert om mei de bouwerij fan syn toer útein te setten. Gelokkich komt Feddema fan de gemeente noch op ’e tiid mei it testamint fan pake Klaas oansetten dat krekt boppe wetter kaam is en dan moat Agema belies jaan.
De bern sjonge, spylje en dûnsje as ien grutte groep. Se spylje mei oerjefte. Wat in talintsjes sitte derby. De spilers fan It Pertoer kinne der ek wat fan. Hindrik dy’t nei it topke fan de berch klimt mei syn Fryske flagge, Koen as trûbadoer dy’t mei jonkfrou Rosa trouwe wol, Rosa en Welmoed dy’t foar’t it stik begûn wie al in rûntsje oer de tribune makken om it publyk te ynterviewen, Rixt as boufakker dy’t mar al te graach it âlde spultsje fan pake Klaas platgoaie wol en Hedwig dy’t prachtich dûnset as dirndl, yn de jirpelskylploech, as showgirl ensfh.
It iepenloftspul fan 2016 is foarby. De spilers misse elkoar grif nei sa’n yntensive, drokke mar fleurige tiid yn Easterwierrum.
                                                                                                                                              Janny Bottema.