Bushokje op 'e Skildyk

28 desimber 2011

Bushokje op 'e Skildyk

Of better sein, gjin bushokje! In bytsje ôfgeunstich op de wachtsjenden by Restaurant De Vijf Sinnen, steane in pear klûmjende minsken moarns by de bushalte oan de Skildyk. Koartlyn is de stoepe tagonklik makke foar rolstuollen, berneweinen en rollators om maklik op te riden en yn ’e bus komme te kinnen, mar it hokje moast wike. It is moarns drok op ’e dyk nei Ljouwert ta mei auto’s dêr’t mar ien persoan yn sit en dat soarget foar opstoppings by Deinum en foar de stêd. Gjin wûnder dat pleite wurdt foar mear minsken yn bus of trein. Mar soks wurdt net oanmoedige as de wyn fûleindich oer it fjild blaast of de rein mei bakken út ‘e loft komt. By De Vijf Sinnen krûpe se noflik byelkoar ûnderdak mar by de Skildyk is gjin lijte. Wurdt der besunige op bushokjes? Sitte de ferfiersmaatskippijen mei jildkrapte? Miskien is it in idee foar It Nut om de oanpak fan Reduzum te folgjen en sels in hokje te pleatsen? In beskieden ôfdak moedigt it reizgjen mei iepenbier ferfier grif better oan. Janny Bottema.