Bearejacht yn Weidum

31 maart 2020

Wizige op 25-05-2020, 10:01:40

Bearejacht yn Weidum

Hoi bern yn Weidum! Hoe giet it mei de bearejacht? Sa as tasein ha we in presintsje foar alle Weidumer jagers! Set op in folle jacht-kaart (foarmfrij) jim namme, leeftiid en adres en meitsje dêrnei in foto fan de kaart.  De foto kin appt wurde nei 0630590823. Dan fine jim nije wike jim presintsje yn de brievebus! 

Oeral yn it doarp stean, hingje en sitte bearen foar de rúten. Wat dogge al dy bearen yn Weidum? No dat sit sa. "Wij gaan op berenjacht" is de titel fan in berneboek út 1995 fan Michael Rosen en Helen Oxenbury. Yn it boek giet in heit mei syn fjouwer bern op bearejacht en belibje se spannende aventoeren.

De bearejacht yn Weidum (en de rest fan it lân) is oerwaait út it bûtenlân en is betocht om de bern wat ôflieding te jaan no't se troch de Corona-krisis net nei skoalle kinne. It idee is eins hiel ienfâldich. Minsken sette in bear foar it rút en as (âlders en) bern in blokje om gean, kinne se op syk nei de bearen. Yn Weidum binne al mear as 100 bearen te finen! Ek by Nij Dekama stean no bearen foar de rúten. As de bern dêr in bear spotte, swaaie se efkes nei de bewenners of dogge se in keunske of dúnske. Dat jout foar de bern en de bewenners fan Nij Dekama wat ôflieding.

Foar alle bern yn Weidum dy't op bearejacht binne, hat fieriening It Nut oan it ein fannewike ek noch in presintsje! Mear ynformaasje hjiroer folget letter op dizze side en de facebookpagina fan it Nut. De bern moatte harren "bearejacht-kaarten" dus net fuort goaie!