Aventoerlike reis

18 febrewaris 2013

Aventoerlike reis

Sri Lanka Yn novimber 1985 makke ik in reis nei Sri Lanka. It wie in adopsjereis en it fielde net as fakânsje.Mei noch in oantal oare pearen krigen wy in bernstje út it “Good Sheperd Convent”. Sa kaam Melvin yn ús gesin. Twa jier letter krige hy in suske, Esther. Sy wie altyd tige benijd nei Melvin syn bertelân, mar hy sels woe der net hinne. Oant ferline jier it plan opkaam om mei twa húshaldings de reis te meitsjen, dêr’t twa bern fan Sri Lanka komme. (Us gesin en it gesin fan myn freondinne, yn totaal 10, seis jongeren) Dit om yn'e kunde te kommen mei it lân, it lân te priuwen, te fielen en te rûken. Op sneon 17 novimber gie it oan. Op Skiphol stie in grut fleantúch op ús te wachtsjen, in Airbus 380. Melvin, dy't noch nea flein hie, joech him der maklik ûnder del. Earst sân oeren fleane nei Dubai, en doe noch fjouwer oeren nei Sri Lanka. In waarme, klamme tekken kaam oer ús del. Op it fleanfjild waarden we opwachte trocht ús gids. In bus mei sjauffeur stie klear en brocht ús nei ús hotel yn Negombo, dêr't wy de earste trije dagen bliuwe soene. It wie in fijn hotel om de reis te begjinnen. “Goldi Sands” die syn namme ear oan, it leit oan in prachtich strân. Mei de gids haw wy doe it reisprogram bepraat en hy kaam mei in oantal tips, byg. oer it jaan fan foaien en oer it drinkwetter. De bern wiene al gau op it prachtige strân te finen, it wie 33°. In dei letter makken wy in boattocht oer de Lagune fan Negombo en seagen wy ferskate fûgels lykas rigerachtigen en leppelbekken. Ek koene wy sa sjen hoe 't de minsken dêr wenje en libje. Nei 27 jier is der in soad feroare. De húsfesting is ferbettere, 90% fan de minsken kin oer stroom beskikke en 90% fan de bern giet nei skoalle ta. In dei letter stie de fiskmerk fan Negombo op it program. Dat is de grutste fiskmerk fan Sri Lanka en der wiene alle soarten fisk te sjen, van grut oant lyts. Wat net fuort ferkocht waard, lei te droegjen op sisal matten op it strân. It joech in goed byld fan hoe't de minsken hurd wurkje foar harren brea. Tusken de útstapkes troch wie der tiid om lekker te swimmen by it hotel. It foel my op hoe 't beide jonges genietsje koene fan it iten dêr, it wie harren net gau te hyt. Ek it klimaat wie foar harren gjin probleem, sy hiene gjin lêst fan de waarmte. Mar it wie tiid foar de rûnreis, op nei Kandy. Underweis giene wy nei it oaljefanteweeshûs yn Pinnawela. Wy seagen de oaljefanten in bad nimmen yn de rivier, dat dogge hja trije kear deis. Dêrnei seagen wy hoe't de jonge oaljefanten de flesse krigen, in oaljefantejong moat fiif jier lang molke drinke. Flakby it oaljefanteweeshûs koene wy in rûnritsje meitsje op de rêch fan in oaljefant. Hiel bysûnder! Oan 'e ein fan de dei wiene wy yn Kandy, in âlde Keningstêd. Dêr ha wy de jûns nei de “Kandy Dancers” west. Wy seagen tradisjonele dûnsers, dat is ien grut spekkatel. Nei de dûnsen seagen wy noch mannen oer gleone koaltsjes rinnen. De gids lei letter út wat it geheim hjir fan is. In dei letter gongen wy nei in museum dêr't wy útlis krigen oer de ferskate edelstiennen en hoe't dy fûn wurde. Ek brochten wy in pear oeren troch yn 'e Botanyske Tún. Dat is prachtig om te sjen. Planten dy't wy yn 'e finsterbank hawwe, groeie dêr meters heech. Hiel grutte beammen binne der, en reuze bamboe, dêr't de aapkes omhinne boartsje. Nei de Botanyske Tún gongen we nei in “Spice Garden”, hjir koene wy sjen hoe ’t fanylje groeit, swarte piper, kakao en noch folle mear. Wy krigen útlis oer de krûden en speserijen. Der stie in Sri Lankaanske lunsj foar us klear. Jûns stie der in besite oan de Tempel fan Kandy op it program. It jûnsiten krigen wy meastentiids op 19.30 oere en dêrnei sieten wy faak yn 'e lobby van it hotel, de jeugd mei harren 'smartfone' en wy mei de laptop, efkes kontakt mei thús. Dat wie der 27 jier lyn net by, sels efkes skilje wie doe in toer, en hiel djoer! Nei Kandy ride wy nei Nuwara Eliya, dat leit op 2000 meter hichte, midden yn it teegebied van Sri Lanka. Hoe heger de tee groeit, hoe better de kwaliteit, seit men. Underweis ieten wy yn in restaurant yn oanbou, mei it útsjoch op rysfjilden en wetterfallen. Wy krigen in rûnlieding yn in teefabriek. Hjir wurdt no mear masinaal dien as 27 jier lyn.De tee wurdt plukt troch froulju, dat is noch itselde. De lêste trije bledsjes wurde plukt en hja wurde betelle yn kilo's.... It Hotel yn Nuwara Eliya is itselde as doe, hjir is gjin airco nedich, it is 20°. De gids naam ús mei it stedsje yn, wy seagen in oerdekte merk, dêr't fleis, fisk, griente en fruit ferkocht waard. Letter diene wy ynkeapen yn in supermerk.en de gids gong letter mei de jeugd nei in Pub. Fan Nuwara Eliya gong it mei de trein nei Banderawela. Underweis nei it station kamen wy lâns in buorkerij mei 400 kij en seagen we griene greiden en wynmûnen. De treinrit sels dourre 2,5 oere en wy leine sa’n 60 km ôf! Yn Banderawela brochten wy de nacht troch yn in koloniaal hotel út 1890. Doe't it reinde, lekte it yn 'e ytseal. De oare deis betiid fan bêd ôf, de bus stie klear om ús nei Nationaal Park “Udawalawe” te bringen foar in Jeepsafari. Dat wie in hiele ûnderfining! Der gie in gids mei yn 'e jeep en hy koe in protte fertelle oer de bisten. Wy seagen oaljefanten, mantsjes solitêr, wyfkes mei jongen yn kuddes. Ek in protte buffels, moaie fûgels, lytse krokodillen en skildpodden. Wy wiene net ûngelokkich, somtiden moasten je al bliid wêze ien oaljefant te sjen. Ek hjir wie wer in oaljefanteweeshûs en krigen de jonge oaljefanten molke, diskear mei in trechter mei in slang dêroan. De nacht brochten we troch net fier fan Ratnapura. De keamers wiene ûnderbrocht yn ferskillende 'lodges'. Swimme koe efkes net, want it tongere! Hiene we earst it sicht op rysfjilden en teestrûken, efkes letter wie it ien see fan wetter en wie alle griis. Lokkich dourre dat net lang. Doe’t wy de oare moarns nei it swimbad giene, wiene flakby de froulju alwer oan it teeplukken. De reis gie fierder, op nei Galle, in stêd oan de súd-west kust fan Sri Lanka. Yn de VOC tiid hawwe de Hollanners hjir in fort boud. Dat fort foarmet in stêd op himsels, mei tsjerken, huzen, pakhuzen, in fjoertoer. We rûnen der hinne en werom nei it hotel namen we in Tuktuk. De gids naam de jonges mei nei in pleatslike kapper, wat ek wer in bysûndere erfaring wie foar harren. De jonges waarden ek wolris oansprutsen troch de minsken, se praten dan Ingelsk werom. Hja rûnen der dêr net út mei in spikerbroek en in shirt oan. Allinne in sinnebril joech it ferskil oan.... Us ien nei lêste hotel wie yn Hikkeduwa, in hotel mei mar acht keamers. Wy hiene mei ús tsienen fiif keamers nedich. It foldie ús dêr skoan, sa oan it strân, en hiel aardige minsken. We koene sa efkes it plakje ynrinne foar wat boadskippen, as wy mar net allinne op paad gongen, dat waard troch ús gids ôfret. Yn Hikkeduwa leine boatsjes foar ús klear mei in glêzen boaiem, se farden in einstje de see op, sadat we sicht krigen op de koraalriffen. Mar it wie bewolkt dy deis en dus foel it wat ôf. It hotel hie de Tsunami trochstien. Der wie wol skea, alles fan glês of hout wie stikken mar it gebou sels is fan stien en alle gasten koene op ’e tiid op 'e boppeferdjipping komme en hawwe sa de ramp oerlibbe. It docht je wol wat, de see sa tichtby, it rûzjen klinkt yn 'e nacht lykas sitte je yn in pleats en waait it bûten in hiele stoarm.... De lêste dei dêr holpen wy de fiskers netten út see te lûken. Melvin yn syn Fryslân swimbroek, se moatte dêr al witte wer't er wei komt, fansels! Op wei fan Hikkeduwa nei Colombo sjogge we stille tsjûgen van de ramp, in protte grêven en oerbliuwsels fan húskes, somtiden allinne it fûnemint noch oer. Der is in protte wer opboud, mar nei acht jier ek noch in protte te dwaan We kamen by in monumint lâns, dat boud is op it plak dêr't de Tsunami in trein oerspielde en mear as 1.300 minsken omkamen. It jout in raar gefoel. In besite oan in skylpodde-opfang wie ek tige nijsgjirrich en wy fearen noch oer in rivier mei mongrove beammen. Underweis brochten wy in besite oan 'Cinnemon Island' en seagen dêr hoe't kanielstokjes makke waarden. De rûnreis siet der hast op doe’t wy yn Colombo oankamen. Wy rieden troch de stêd, ûnder oare lâns de haven, de op twa nei grutste fan Súd Azië. Ek koene wy hjir noch wat keapje om mei te nimmen nei hûs. Us hotel lei wer oan it strân en de 'sky-line' fan Colombo wie hjirwei te sjen. Der stie noch ien wichtige 'item' op it program: in besite oan “Good Shepherd Convent” Nayakakanda, by Colombo, dêr't de jonges weikomme. Wy makken in ôfspraak en wiene wolkom. Dêr stiene wy by deselde bedsjes as 27 lyn...Dat docht je wol wat. Ek de bern wiene tige ûnder de yndruk en moasten letter efkes de sinnen fersette... Mar it is goed dat wy hjir west ha. Foto's en ferhalen kinne nooit alles sizze, it is goed sels te sjen wêr't je oarsprong leit. En sa gongen wy op 2 desimber op hûs oan, fol mei yndrukken en koene wy weromsjen op in prachtige reis. Mei de fuotten yn 'e snie, mar mei de holle noch dêr, dat prachtige eilân, mei syn mooie natoer en de kleuren, it ljocht en de gastfrije minsken. Dit mei ús allen belibbe te hawwen is hiel moai. Meta Valk