Alvestêdekuier

12 jannewaris 2009

Wizige op 10-11-2019, 16:00:12

Alvestêdekuier

Yn 2009 bestiet de Alvestêdeferiening 100 jier. De feriening wol it hiele jier feest fiere, te begjinnen op 15 jannewaris mei in byienkomst foar de leden. Dêrnei nimme de gemeenten oan de Alvestêderûte it stokje oer ûnder it motto ‘Alve stêden yn Alve moannen’. Alle gemeenten krije in moanne tawiisd en meie dan in feest organisearje. Om’t Littenseradiel, Boarnsterhim en Snits oan it begjin fan de rûte sitte, is dat fansels de earste moanne nei jannewaris: febrewaris. Boarnsterhim en Littenseradiel bite it spit ôf en organisearje in Alvestêdekuier op snein 15 febrewaris. It stik fan de Alvestêderûte dat tusken Boarnsterhim en Littenseradiel leit is de Zwette. Dêr komme de reedriders yn it tsjuster lâns en moatte oppasse dat se net mei de holle tsjin de brêgen ride. Om de riders te helpen steane der trekkers lâns it iis om mei harren ljocht it paad te wizen. Yn dy sfear is it idee fan in Alvestêdekuier ûntstien. Foarôfgeand oan de kuier kinne de minsken yn de stimming komme yn it Weidumerhout. Fan 15.00 oere ôf sil Hylke Speerstra dêr winterferhalen fertelle út syn nije boek, en der is in eksposysje te sjen fan foto’s en filmmateriaal út de eigen kolleksje fan Henk Kroes. Yn it skimer fan de neimiddei sil de kuiertocht plakfine fanút it Weidumerhout. De tocht fan 8 kilometer giet oer it grûngebiet fan beide gemeenten. It paad sil wiisd wurde troch fakkels en trekkers krekt as by de echte Alvestêdetocht. Underweis is der in stimpelpost, koek en zopie en muzyk. Werom yn it Weidumerhout is der snert foar alle dielnimmers. Kosten foar de tocht ynklusyf snert en ien konsumpsje binne € 5,00. Opjaan kin troch € 5,00 de man oer te meitsjen nei VVV Terpelân, rekkening 30.87.57.351 ûnder it neamen fan ‘Alvestêdekuier’. Opjaan kin oant 9 febrewaris 2009.