Alice yn Wûnnderlân

25 july 2018

Wizige op 26-11-2019, 15:43:57

Alice yn Wûnnderlân

Earme Alice. Se is bang dat poes Dinah dizze kear ECHT fuortrûn is, bang dat se in raar famke is en bang dat se fannacht wer raar dreame sil. De dream dêr't Alice yn it iepenloftspul yn bedarret is wol híél raar! Der is in reade en in wite keninginne, in knyn mei in freeslike rotwekker en nuvere saken as Tsjantelkwak, Dropkedoepsie en in Blabberknauw. In wat?!
Neat is normaal. Sels it keatsen net! Alice fynt it mar neat en besiket harsels wekker te razen. Mar dat slagget net. En miskyn wol se stiekem ek wol yn de dream bliuwe. Wat wol se no echt? Wa is de echte, wa de ferkearde en wa de goede Alice? Ien ding is wis: as Alice ophâldt fan dreamen, dan wurdt Wûnderlân foar altyd Ûnderlân. 

Dêr gie it wûnderlike en betsjoenende berne-iepenloftspul, dat yn Easterwierrum spile waard, likernôch oer. De spilers moasten har earst de frjemde fantasijwurden wol eigen meitsje. Wat betsjutten dy en hoe moasten se útsprutsen wurde?
Aaltsje van der Vegt en Kiki Kramer fan basisskoalle It Pertoer út Weidum, dy’t nei de audysjes in rol krigen yn it stik fan 2018, moasten dêr earst goed op studearje.
“Mar doe’t wy de hiele foarstelling achter elkoar oan spylje koene wie ik der gau oan wend en snapte ik it hielendal”, sei Aaltsje. En sa gie it Kiki ek.

Peter Sijbenga hat it boek, de ferneamde klassiker fan skriuwer Lewis Caroll, bewurke en yn in nij jaske stutsen. Hy hat boppedat de muzyk en de ferskes skreaun. Romke Gabe Draaijer en Sjoerd Blom diene de regy, Joke Krist hie de lieding by it sjongen en Niels van der Wal wie de dûnsmaster. It dekôr wie ek wûnderlik. Jan Bruinsma makke mei help fan de bouploech, trije bergen dy’t útelkoar skowe koene en dêr’t guon spilers en rekwisiten út tefoarskyn kamen. Dianne Bonnema koe har fantasij loslitte op de kostúms. Dy kostúms soargen wol ris foar swierrichheden. Soms moast dêrom in kostúm mar ek wol ris in dekôrstik oanpast wurde.

Aaltsje is in spylster mei ûnderfining. Sy sit yn groep acht. Nei de fakânsje sil se nei it fuortset ûndewiis. Ferline jier die se ek al mei. “De spilersgroep is no grutter as ferline jier. Der dogge 36 bern mei. We leare elkoar hieltyd better kennen en it is no wol in hechte groep mar yn it begjin wiene it allegear aparte  lytse ploechjes. Dat wie yn 2017 oars”, sei Aaltsje. “Doe seagen we ek geregeld by de oaren en wie it fuort hiel gesellich.”
Kiki sit yn groep sân en die foar it earst mei. Se hat in heal jier foar it stik repetearje moatten en it befoel har bêst. “Takom jier wol ik wol wer meidwaan”, sei se.

Dizze beide moaie blommen út Weidum hiene in rol as  Roas (Aaltsje) en Anemoan (Kiki) yn it stik. Beide hiene se niget oan de tekst fan dy arrogante rolfigueren. Mar se moasten ek noch sjonge en dûnsje en figurearje as bewakers fan de legers fan de reade keninginne. Kiki hie fierder noch in rol as rûp. Beide famkes moasten harren in kear as trije ferstrûpe yn in nij kostúm. It wie in echt kostúmstik. It publyk koe him de eagen útsjen.
“Mar as it ferhaal wat moeilik is, snapt elk it stik dan wol?” wie myn fraach. “Dat komt wol goed”, sei Kiki. “Der is sa’n soad te sjen en te belibjen, elk kin dêr fan genietsje.”

It basiskostúm fan de spilers wie in smoking. “As ik Roas bin, ha ik in read suertsjepapier op myn holle. Mar ik ha fjouwer kostúms”, fertelde Aaltsje. “Ik moat in oar kostúm oan ha as ik rûp bin”, sei Kiki. “As Anemoan ha ik in blau suertsjepapier op ’e holle.”

De famkes hoegden beide gjin drege of lange teksten te learen. Dy hiene se samar ûnder de knibbel. Boppedat hiene se thús de (Disney)film sjoen en sadwaande koene se it ferhaal al in bytsje. Peter Sijbenga hie it foar BIS wol bewurke mar it sleat hiel goed by de film oan. It haad fan de rûpen hie de dreechste tekst. “Dêr sitte in hiele soad moeilike wurden yn. Gjin echte, mar fantasijwurden”, fertelden de famkes. De haadrollen waarden spile troch Alice, de keninginnen, de maarskalk, de knyn, de huoddemakker, Bijke de hûn en Dinah de kat.

“De ferskes binne hiel fleurich, tenminsten de measten”, fûnen se beide. Alle 13 ferskes binne opnaam op in cd yn de studio fan Sytse Broersma yn Reduzum.
“Wy moasten dêr op in sneontemoarn hinne. Earst moasten wy op in rige stean fan lyts nei grut. De lytsten foaroan want dan komt it lûd it bêste út. Wy krigen in koptelefoan op, dan hearden wy de muzyk en doe moasten wy earst oefenje. As it goed wie, waard it fuort opnaam. Letter moasten wy noch in middei komme foar de fersterking op de achtergrûn”, fertelden Aaltsje en Kiki.

De dûnskes waarden pas ynstudearre doe’t de spilers de ferskes al koene. “Sa lang ha wy dêr net foar oefenje kinnen”, sei Aaltsje. “Op de generale repetysje gong it noch net hielendal goed mar op de dei fan de premiêre rûn it better.” Premiêre? Hokker premiêre? Op de 21ste juny reinde en waaide it sa bot dat de bern der nei in heal oere spyljen mei ophâlde moasten. “Mar de dûnskes dy’t wy doe dien hawwe gongen hiel goed”, sei Aaltsje.
“Der wie juster in soad publyk. Hooplik komme der hjoed ek wer in protte minsken.”
It publyk wurdt oan ’e ein fan de foarstelling ek noch traktearre op in ferrassing. Mar wy fertelle neat”, laken de famkes.

Aaltsje en Kiki krigen it nei ús petear noch drok. De útstelde premiêre moast op de 22ste ynhelle wurde en de folgjende foarstellings wiene op sneontejûn 23 en sneintemiddei 24 juny. De moandeis dêrnei gongen se mei skoalle op kamp nei Skylge. Op de woansdeis kamen se werom en moasten se de middeis fuort wer spylje. En Aaltsje fierde tuskentroch ek noch har jierdei. Yn it wykein fan
29 en 30 juny wiene de lêste útfierings. Yn july moatte se mar bekomme fan alle aktiviteiten. Noch in pear wiken nei skoalle en dan ha se einliks fakânsje. Kinne se lekker útrêste en neigenietsje fan de moaie mar drokke perioade dy’t se achter de rêch ha.

It wie mar goed dat de famkes my útlein hiene hoe’t se der út seagen doe’t ik op de tribune siet en sy harren blommerollen spilen. Ik hie net witten wa’t der achter dy suertsje-papierkes ferstoppe sieten. Mar se spilen oertsjûge en skitteren fierder ek it hiele stik troch  by it sjongen en dûnsjen.
Wat giet it dochs raar yn dreamen. Dy earme Alice hie it wol hiel dreech. Se bedarre fan it dreamerige Wûnderlân yn it boaze Underlân en oarsom. En hieltyd ûntglipte Dinah de kat har wer. Om har eangst te oerwinnen moast se frjemde meunsters ferslaan. Oars soe se altyd bang bliuwe. En sa einige it ferhaal yn it lêste ferske ek.
Do tinkst: it komt net goed
Do tinkst: it komt ferkeard
en dan sjochst de takomst as ien grut swart gat
Mar hiel faak is al dyn noed en soarch net mear as in ballon
dy’t gewoan even in prikje hawwe moat.
Wurd net bang, wês net bang, bliuw net bang
prik dyn ballontsje en it docht net mear as: pang!

En de ferrassing? Wy skrokken fan de knal oan ’e ein fan it stik, mar gelokkich skeaten der allinne mar fleurige glimmende slingers de loft yn. Ooooh!
Petsje ôf foar dizze froulju en harren kollega’s.
Wy ha fan harren wûnderlik ferhaal genoaten.
                                                                                                                                          Janny Bottema