60+ Reiske

26 july 2013

Wizige op 29-11-2019, 09:57:33

60+ Reiske

“It giet oan” stie boppe it briefke dat wy troch de bus krigen…. It 60+ reiske gie ek dit jier wer troch, al hie it hiel wat fuotten yn ’e ierde hân. Saakje Monsma en Harm Hallema dogge alle jierren weroan harren bêst it reiske te organisearjen, mar fan ’t jier kaam der in kink yn ’e kabel, Saakje moast in part fan har wurk oerdrage yn ferbân mei sykte en foar Harm wie dat de reden om ris goed nei te tinken oer it al as net trochgean litten, fansels alles yn oerlis mei Saakje. Dat lêste hie er better net dwaan kinnen, want foar Saakje wie der mar ien ding mooglik: ”Hoe ’t it ek komt, it reiske moat trochgean”. En as de need it heechst is……. Krekt, mei help fan inkele frijwilligers koe alles dochs noch trochgean. Op 14 maaie wie it dan sa fier. “It gie oan….” Der hiene har 39 persoanen opjûn en allegearre wiene se tige benijd wêr’t de reis dit jier hinne gean soe. Nei in wolkomswurd fan Jan Monsma fertelde dy dat de reis earst nei Noardwolde gie foar de kofje en dêrnei krigen wy in rûnlieding yn it Rietvlechtmuseum. Foar wa’t dêr noch nea west hat, it is de muoite wurdich…. Foar de measten ûnder ús wiene de stuoltsjes dy’t dêr stiene hiel werkenber, benammen de jieren 60-styl. Wat wie it allegear rank en plat, mar wat wie it sterk. Foar wa’t soks net leauwe wol, Freerk en ik pasten yn dy tiid tegearre yn ien stoel. It ding kreake, sette him skrap yn ’e kokos flierbedekking mar joech gjin belies. Wol moat ik tajaan dat ik wat smeller, en sa’n 15 kilo lichter wie, mar dochs… Reitflechtsjen soe hjoed-de-dei net mear leanje, as jo betinke dat der samar twa oeren wurk yn it flechtsjen sit fan in lyts kuorke. Rekkenje mar út. Om stikhinne healwei tolven gie de reis fierder, op nei Dwarsgracht by Giethoorn dêr ’t yn restaurant De Otterkooi it waarmmiel foar ús klear stie. Fansels in slokje foarôf….en as it dêr no fan kaam of fan it waar is my net dúdlik, mar ik moast tinke oan de siswize: “Froulju’s mûlen en skieppebekken geane altyd”. Mar ien ding waard my dúdlik, rammebekken kinne der ek wat mei. Wat wiene dy manlju drok….. Doe’t it iten wat besakke wie gie ús reis fierder, op nei Luttelgeest, foar de measten fan ús bekend om de Orchideënhoeve. Ek dizze kear wie dat ús doel en al binne jo dêr faaks alris earder west, it is altyd wer nij want de blommen fan in pear jier tebek binne allegear al dea. As jo sjogge wat foar pracht dêr yn ’e potten stiet…. net te leauwen. Wat ek prachtich is om te sjen: in keppel 60+ers klem yn ’e draaidoar. Fansels, de minsken kinne der neat oan dwaan, se komme út in doarp, se ha dêr gjin draaidoarren, se ha net iens in winkel. Mar wille hiene se wol.. Foar dyjingen dy’t tinke dat 60+ers net by de tiid binne, hjir efkes in foarbyld… Yn ’e hal fan de hoeve is in prachtige fiver oanlein. Dêr swimme goudfisken yn en ûnder in waarme lampe sitte in stikmennich skyldpodden…. Ien fan ’e froulju siet der mei oandacht nei te sjen en sei: “Dy twa dy binne oan it pearjen soe’t net”. Ik beseach it ek ris en sei dat ik it dan wol in frjemde aksje fûn. Wêrop’t de frou sei: “Ja, it liket nuver mar it kin wol hear, ik sjoch soks wol gauris op de tillevyzje”….!!!! Sjoch, dan freegje jo je of, giet it dan ek om skyldpodden? Ien fan ’e manlu rôp noch oer’t skouder: ”Geheister fan neat mei sa’n skyld der tusken…..”. Nei’t wy blommen en skyldpodden besjoen hiene gie de reis fierder, op nei De Jouwer der’t de kofje mei in broadsje foar ús klear stiene. Ek krigen wy dêr allegearre in dikke Jousterpof oanbean fan Bakkerij Hallema. Dat bart alle jierren en mei wolris neamd wurde…. Doe wie it tiid om op hûs oan te gean. De measten fielden de fuotten, mar wiene tige tefreden. Wat hat it in moaie reis west, wat wie it prachtich om oer allegear binnendiken te riden ynstee fan de grutte sneldiken en doe’t wy dan Weidum ynrieden en dêr stie it korps jo op te wachtsjen, dan tinke je: “Lit dit dan net mear fan hjoed-de-dei wêze, mar it hat wat”. Nei in wurd fan tank troch Hoite Zylstra gie elts syn gong. Reiskommisje Saakje en Harm, Tige Tank Ut namme fan alle reisgenoaten, Pytsje Bosma