3 prizen yn the pocket!

27 maaie 2018

Wizige op 26-11-2019, 15:53:20

3 prizen yn the pocket!

De fanfare fan Harmonie Weidum die sneon 26 maaie mei oan it Gouden Spiker Festival yn Oerterp. 4 stikken moasten der spile wurde; it ferplichte wurk Kleine Speelmuziek, it koraal St. Florian Choral, de sopraan saxsolo Oblivion en de mars Starlake.

It ferplichte wurk lei ús net sa goed, al klonk it wilens de generale repetysje toch best hiel moai en de solo fan Ruurdtje wie fuort al in tranentrekker. (Ruurdtje wûn mei har solostik Oblivion de twadde priis. Har ôfskie as muzikant by Harmonie Weidum waard in klapper; Lokwinske Ruurdtje!)
Nei ús promoasje nei de 4e divyzje wie dit de twadde kear dat wy op dit nivo spilen, spannend: Wêr steane je?

Rûn ienen sammelen wy by it doarpshûs en gie it op Oerterp oan. Dêr oankaam moast der lotte wurde; wannear moatte wy?
Better koe net, we mochten as earste! Omklaaie, ynspylje en gean; kalm, beret en blier stie Ria Fennema foar it orkest. Mei in siike drummer (yn in ferkearde broek ek noch