D’UM

Weidumer histoarje skreaun troch Aant List

14 maaie 2026

Wizige op 16-05-2026, 17:55:28

Weidumer histoarje skreaun troch Aant List

(Ut in Rûnkranter fan 1993)

DE SINGEL
​Eartiids rûn der in binnenpaad nei it doarp neamd de Singel. Dy rûn fanôf O. Anema (no de pleats fan Van de Lageweg oan de Hegedyk red.) rjochting doarpshûs en tsjerke nei G.Fokkens. Krekt foarby it hûs wie in splitsing nei Bears en Jorwert.
Op it plak dêr't F.Looyenga no wennet (dêr stiet no it nije hûs fan Tjitte en Wilma van der Gaast red.) stie Borniastate. Op it stik lân oan 'e dyk stiene eartiids in pear walfiskkaken, hoe’t dy dêr kommen binne is net bekend, mar se binne der nei de oarloch weihelle. It stik lân dat wolris ûnder wetter stiet is ôfgroeven yn 1906.
It âlde húske dat no noch by J. de Groot syn pleats stiet (no A. J. Bouma red.), wie eartiids it túnmanshûs fan Borniastate.
​De Terpbaas, de hear S.T. Bruinsma, krige tastimming fan 'e Gemeente Baarderadiel om rails te lizzen fanôf Borniastate, by de dyk lâns nei de ôfgroeven terp Dekemastate. Dy rails hiene in lingte fan 700 meter. Hjir lâns koe men dan de ôfgroeven terpgrûn ferfarre.

Bornia-state, sa 't J. Stellingwerf it yn 1722 yn wosken inket tekene hat.

De rails mochten lein wurde op de folgjende betingsten:

  • ​Nei eltse wurkdei moast de grûn dy't der ôffallen wie, opromme wurde.
  • ​Der moast safolle mooglik gebrûk makke wurde fan 'e berm.
  • ​Dêr't de rails oer in daam giene, moasten se oanfolle wurde mei sintels of sân, sadat it ferkear gjin hinder fan 'e rails hie.
  • ​De fergunning waard foar 2-3 jier jûn.
  • ​Unkosten oan diken, bermen en beammen moasten fergoede wurde oan 'e gemeente.
  • ​Der moast tastimming frege wurde oan de heren P. Sierdsma, A.T. Algra en J. Baarda, om't de rails oer harren damen rûnen.

Opmakke 6 july 1906