16 july 2025
KLOKKEN YN 'E WEIDUMER TOER diel I
Yn de tsjerketoer fan Weidum hingje twa liedklokken in lytse saneamde “frouweklok” en in grutte “manneklok”. De lêste wurdt brûkt as “tiidlieder” (8 - 12 en 6 oere) en hy tsjinnet ek foar it oerwurk as slachklok op heale- en hiele oeren. Beide liedklokken en it oerwurk meitsje diel út fan ryksmonumint nûmer 8519 en se binne as sadanich registrearre by de “Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed” (foarhinne “Monumentenzorg”).
Grutte liedklok
Getten yn 1531 troch Geert van Wou jr. en Johan ter Steghe yn Kampen (of Weidum?)*
Liedrjochting: Noard/súd, de klok is mei in kruk-liedas/liedtsjil konstruksje yn in houten klokkestoel oan 'e eastkant yn 'e toer ophongen.
Grutste bûtendiameter: 101 sintimeter/ Hichte: Ynklusyf kroan 102 sintimeter.
Gewicht: 650 kilo/ Slachtoan: g1 (neffens hjoeddeiske stimming a1 = 440 Hz).
Bingel: Smei-izer, nei't yn 1993 de izeren bingelbûgel trochrustke wie hinget de bingel no oan in stielen bingeleachplaat of saneamde “kannieplaat”, dy't montearre is mei bouten en moeren troch de krún fan 'e klok.
Bopperâne-opskrift: Yn goatyske letters: ihesus maria iohannes geert van wou ende iohan ter steghe goeten mi doemen schreef mccccc ende xxxi daerbi laus deo. Boppe- en ûnder it râne-opskrift blêdmotyf sierrânen. It klokopskrift ta eare fan Jezus, Maria en Johannes waard troch heit en soan Van Wou yn gearwurking mei Johan Schoneborch of Johan ter Steghe op 10 klokken mei ferskillende ôfmjittings tapast wêrûnder Mantgum(1499), Earnewâld (1500), Noardwâlde (1506), Kimswerd (1515) en Tsjom (1525).
Allinnich yn Mantgum stiet op 'e klokflank ek de plaknamme. Foar dit opskrift binne nochal tige útienrinnende ferklearrings, in pear dêrfan:
Geert van Wou sr. (Maria Johannes Gerardus van Wou, Nijmegen 1450-Kampen 1527) wurke earst yn 's Hertogenbosch as klok- en geskutsjitter. De measte brûnsjitters geaten yn fredestiid klokken mar ek bylden en by ûnrêst of oarloch, kanonnen. Foarm fan in klok, ôfmjittingen en in sa heech mooglik tinpersintaazje binne de betingsten foar in boppetoanryk helder- en fierdragend lûd.
De krityske grins is 25 % tin, by klokkebrûns mei tefolle tin ûntstean skuorren troch it lieden.
Geert van Wou ferhuze yn 1480 nei Kampen dêr't hy yn 1527 ferstoarn is. Nei 1507 waard hy wat minder aktyf en syn soan Geert van Wou jr. (Kampen ?? - Emden 1550 ?) mei de kompanjons Johan Schoneborch en Johan Tersteghe namen it bedriuw oer. De klokjitterij út Kampen wurdt as ien fan de wichtichste yn 'e skiednis fan noardwest Europa beskôge. Hichtepunten út 'e Van Wou histoarje binne û.m. 13 liedklokken foar de Dom yn Utrecht (swierste 8100 kilo) út 1505 en de “Gloriosa”
E-klok foar de dom yn Erfurt mei in gewicht fan 11.400 kilo út 1497.
Kampen (of Weidum)*: In soad klokken binne yn it ferline op lokaasje getten. Der waard dan yn- of by de klokkestoel, de toer of gebou in tydlike brûnsjitterij opsetten. Yn de foartsjerke fan Weidum binne by de lêste grutte restauraasje fragminten en spoaren fan klokjittersaktiviteiten foar it ljocht kommen, dit “bewiis” is no ôfdutsen troch in lûk. Fan heit en soan Van Wou is bekend dat grutte klokken op lokaasje getten waarden om't it ferfieren fan tige swiere objekten hast net mooglik wie. It lytsere wurk kaam meastentiids út de jitterij yn Kampen mar foar Weidum bestiet hjiroer gjin wissichheid.
Lytse Liedklok
Getten yn 1626 troch Hans Falck van Neurenberg yn Ljouwert as ferfanger fan in âldere klok dêr't oant no ta gjin beskriuwing of details fan bekend binne.
Liedrjochting: Noard/súd, de klok is mei in kruk-liedas/liedtsjil konstruksje yn in houten klokkestoel oan 'e westkant yn 'e toer ophongen.
Grutste bûtendiameter: 86 sintimeter/Hichte: Ynklusyf kroan 85 sintimeter.
Gewicht: 410 kilo./ Slachtoan: b1 (neffens hjoeddeiske stimming a1 = 440 Hz).
Bingel: Smei-izer, hingjend oan in izeren bingeleach, dat yn 'e krún fan 'e klok meigetten is.
Bopperâne-opskrift: anno domini mvicxxvi heeft mij hans falck van neuremberg ghegoten. Boppe en ûnder it râneopskrift blêdmotyf sierrânen.
Noard-en súdflanken: Oplizzende famyljewapens fan Dekema (noardflank) en Hania (súdflank), boppe de wapens de nammen “sydtze van dekema” en “wigle van hania”.
Nei de reformaasje yn 1580 waarden op nije klokken foar herfoarme tsjerken net mear nammen en ôfbyldingen fan hilligen oanbrocht. Der kamen nammen fan pleatslike notabelen, aadlike famyljes soms mei famyljewapens foar yn it plak. Meastal wiene dit dan ek de finansiers by it oanskaffen fan nije klokken. Dekema en Hania ha yn 1626 neffens it tsjerkfâdij rekkeningboek “drie hondert twintich Caroli guldens ten prouffijte van de Kercke ofte Imploiement van een nieuwe clock” skonken. Master “clockgieter Hans Falck” krige in foarútbetelling fan “vier ende't sestich Caroli guldens”, omrekkene “45 golde guldens - 20 stuijvers” en der waard “seven golde guldens vijff stuijvers” betelle foar fertarrings by it oanbesteegjen fan de nije klok.
Timmerman Sipke Sijbrants hat “ter sake van arbeijtsloon soo aen de oude als nieuwe clock uijt ende in de tooren te leveren d'summa van een ende twintich golde guldens twaleff stuijvers” yn rekken brocht. Jencke Jobs, smid “ter sake van arbeijtsloon ende ijserwerck aen de nieuwe clock” deklarearre “4 golde guldens”.
Yn 1627 jout it rekkeningboek noch de folgjende ynformaasje: “Betaeld aen de clockgeeter twee ende't sestich Caroli guldens sestien Stuijvers voor het vergieten van de clock. Aen de waechmeester uitgeleijt drie Stuijvers om sekerheijt te crijgen hoeveel beijde clocken hadden gewegen”. (De âlde klok is omsmolten en it meargewicht oan brûns nedich foar de nije klok is mei de einôfrekkening oan Hans Falck betelle). Der wurde ek noch kosten neamd foar in “praamschuiver” dy't it ferfier fan de âlde- en de nije klok nei- en út Ljouwert fersoarge, de opslach fan beide klokken en it leverjen fan ”clockxtouwen”.
Hans Falck van Neurenberg (Dútslân 1578 – Ruslân 1653) sette him yn 1616 nei wenjen yn Ljouwert. Syn jitterij waard yn 1619 ûnderbrocht yn de leechsteande “St. Marie van Nijehove” tsjerke dy't hy hierde fan de magistraat.
De grutste liedklok fan de Aldehou mei in bûtendiameter fan 200 sintimeter en in gewicht fan omtrint 6000 kilo is troch Hans Falck getten yn 1633. Syn lêste klok yn Fryslân datearret út 1634.
Yn datselde jier waard Hans Falck “Meestergeschutsgieter van de Keijser en de Grootvorst van Moscovien” tsaar Michael Feodorovich. Syn frou en in mannichte skuldeaskers liet hy efter yn Ljouwert.
Klokkefoardering/Klokkerôf
Yn 1580 foarderen de Steaten fan Fryslan liedklokken om kanonnen jitte te litten foar de opstân tsjin Spanje. Betingst wie dat yn eltse toer ien klok behâlden wurde mocht. De hiele foardering ferrûn gaoatysk. Wat him doe yn Weidum ôfspile hat is net mear te efterheljen. Hoe oars gong dat yn de twadde wrâldoarloch. Yn 1937 frege it “Rijksbureau voor de Monumentenzorg” oan de “Nederlandse Klokken- en Orgelraad” om in ynventarisaasje fan klokken dy't yn tiden fan oarloch opoffere wurde koenen. De list wie klear yn maart 1940 en it gong om 9000 lied- en kariljonklokken mei in totaalgewicht fan 3450 ton klokkebrûns. De “Inspectie Kunstbescherming” hie op basis fan kultuurhistoaryske wearde en âlderdom fêststeld dat 28 kariljons en 319 liedklokken sparre wurde moasten, dit wie 15% fan it totaalgewicht (neffens Definsje 5% tefolle).
Alle beskerme klokken soene foarearst op harren lokaasje bliuwe en der waard mei wite ferve in letter M op oanbrocht. Nei de kapitulaasje fan Nederlân namen de Dútsers de organisaasje en de tarieding fan in mooglike klokkefoardering oer. De “Inspectie Kunstbescherming” bleau belutsen en hja koene de besetters noch wat beynfloedzje. Sa waard oerienkommen dat foarearst deselde noarm as yn Dútslân, it behâld fan 25% fan it totaalgewicht, jilde soe. Dat betsjutte 52 kariljons (10%) en 570 M klokken (15%). Te foarderjen soe dus 2552 ton wêze besteande út kategory A-, B- en C klokken. A stie foar modern en as earste 722 ton op te offerjen. B- klokken wiene weardefol en de mei C registrearre klokken hiene in wichtige monumintale hystoarje. Foar dizze lêste kategory soe besocht wurde om se salang mooglik te behâlden. Dr. A.L. Heerma van Voss, ryksargivaris yn Ljouwert hat, doe't de klokkefoardering in útmakke saak wie, in ynventarisaasje mei foto's fan alle Fryske liedklokken makke. Tresoar (earder it Ryksargyf ) hat de skreaune en de úttypte ferzy fan dizze dokuminten. De grutte klok fan Weidum krige as registraasje 2-C-22 en de lytse klok 2-A-5. De “2” stiet foar Fryslân en it lêste getal betsjut de safolste klok yn de oangeande kategory.
Dizze registraasjes waarden mei wite ferve op 'e flanken fan de klokken skildere en binne foar in part noch sichtber. Yn guon doarpen en stêden waarden ek noch de plaknammen taheakke mar dat is yn Weidum net bard.
Nei in earste feroardering op 18 juny 1941 folge op 23 july 1942 in twadde metaalferoardering en dêrmei waard beslach lein op kariljon- en liedklokken. Ein oktober 1942 begûn it demontearjen fan klokken út tuorren, klokkestuollen en oare gebouwen. De organisator yn Nederlân wie de “Rüstungsinspektion Reichscommissar Sonderreferat Metallmobilisierung”. Dizze kontrolearre de “General-Unternehmer”, oannimmer P.J. Meulenberg út Venlo/Heerlen. Syn bedriuw die al in soad wurk foar de “Wehrmacht” û.o. op 'e “Fliegerhorst- Leeuwarden”. NSB-er Peter Meulenberg (skelnamme klokken Peter) sette lanlik mei 8 teams útein om de A, B en C klokken yn in heech tempo fuort te heljen of fuorthelje te litten. Ek waard “Inspectie Kunstbescherming” soms twongen û.o. yn Drinte om lokale ûndernimmers te ferplichtsjen om klokken út tuorren te heljen.
By tsjinspraak of wegerjen waard drige mei “Wehrmachtstrafmassnahmen”. Yn Weidum binne neffens de Meulenbergadministraasje (ûnderbrocht by it NIOD yn Amsterdam) beide klokken op 14 april 1943 út de toer helle en op it tsjerkhôf setten. Nei in oantal dagen folge ferfier nei it opslachplak , in loads fan houthannel Teka yn Meppel. Febrewaris 1943 krige de “Inspectie Kunstbescherming” tastimming fan de Dútske “Kulturpflege” om alle A, B- en C klokken troch Nederlânske saakkundigen opnij op keunstwearde te selektearjen. Foar “Nachprüfung” troch de Dútsers moasten dizze klokken mei in P (= Prüfung) merke wurde, it betsjutte foarearst útstel fan eksekúsje fan alle klokken fan foar 1800. De Weidumer lytse klok “pronket” noch mei in grutte →
→wite P as bewiis fan it ûndersyk. Febrewaris 1943 kaam ek it befel dat M klokken út it saneamde “Sperr- und Operationsgebiet” Seelân, de kuststrook fan Súd- en Noard-Hollân, Fryslân, Grins en de kop fan Drinte nei opslachplakken moasten. Dit waard foar it noarden Giethoorn. De M- klokken út Fryslân, Grins en Drinte (wêrûnder Jorwert/grutte, Mantgum/lytse en Marsum/lytse) binne oant nei de befrijing yn in loads fan de lânoanmakkerij “Land van Vollenhove” bleaun. Eigeners fan alle fuorthelle klokken krigen in (brûnsskroat) fergoeding fan ƒ 75,00 per 100 kilo klokgewicht.
De klokken dy't mei de trein of skip fan maart 1943 ôf oant maart 1944 út 24 Nederlânske opslachplakken nei Hamburg ferfierd waarden gongen nei de “Norddeutsche- Affinerie” of “Zinnwerke Wilhelmsburg”. Dêr waarden, mei troch ynsetten fan twangarbeiders en finzenen út it konsintraasjekamp Neuengamme, de klokken stikken slein. Dan folge troch elektrolyse in skieding fan it brûns yn suver koper en tin.
Bombardeminten fan it Hamburgse havengebiet, yn 'e nacht troch de RAF en oerdei troch de USAF soargen by de beide bedriuwen foar tal fan produksjefersteuringen. Ek de stroomfoarsjenning, wichtich foar it elektrolyseproses, wie faak foar lange tiid ûnderbrutsen. Nei jannewaris 1945 wie de “Norddeutsche- Affinerie” útskeakele. “Zinnwerke Wilhelmsburg” koe oant 4 novimber 1944 noch lytsskalich produsearje. Dat oanfier en ferwurking lang net mei elkoar oerienkamen bliek nei de Dútske kapitulaasje út foto's fan it Hamburgse “Reiherstieg-Holzlager”, dêr't tûzenen klokken út Dútslân en de besette gebieten rûchwei opsteapele en op elkoar smiten wiene.
Oant “dolle dinsdag”, 5 septimber 1944, hie de “Inspectie Kunstbescherming” grutskalige transporten nei Dútslân ferhinderje kinnen. De gaos wie kompleet yn oktober 1944. Op 17 en 19 oktober gongen mei 2 skippen de klokken út Meppel nei in greide yn'e omkriten fan Leer.
In slûswachter yn Leer notearde 6 novimber 1944: Motorskip “Laurens” mei 289 klokken ûnderweis nei Hamburg en einbestimming “Zinnwerke Wilhelmsburg”. It lot fan'e Weidumer klokken like dêrmei definityf besegele.
Yn 1940 wiene der yn Nederlân 9000 lied- en kariljonklokken mei in totaalgewicht fan 3450 ton, hjirfan gongen 4793 klokken of totaal 1918 ton foargoed ferlern. Dat is 55,6% fan it totaalgewicht fan foar de oarloch. De administraasje- en korrespondinsje fan oannimmer Meulenberg mei alle details oer de klokkerôf beslacht by it NIOD yn Amsterdam goed 3 meter argyfromte. Peter Meulenberg krige nei de befrijing foar syn “prestaasjes” yn 'e oarloch 10 jier finzenisstraf.
De firma Vellema út Hallum is wylst úteinsetten mei de restauraasje fan de Weidumer klokken. Yn diel II kinne jim dêr mear oer lêze.
KLOKKEN YN 'E WEIDUMER TOER diel II
De klokken komme werom
De ‘Leeuwarder Courant’ publisearre 31 maaie 1945 in artikel fan Dr. A.L. Heerma van Voss mei as kop: “De Friesche Kerkklokken, een groot gedeelte behouden”. It beskriuwt de wederwarichheden fan de tsjerke- en kariljonklokken. Ek de wissichheid dat mear as 180 Fryske tsjerkeklokken fan nei 1800, ynklusyf it komplete Snitser kariljon ferlern gien binne. Yn Giethoorn koe Heerma van Voss fêststelle dat 120 M-klokken behâlden wiene. De LC kaam op 1 juny mei de list fan M-klokken dy't yn Fryslân thúshearden. Op 12 juny 1945 stie yn de LC it berjocht: “Honderden Nederlansche, Belgische en Duitsche kerkklokken zijn ontdekt op de binnenplaats van een smelterij bij Hamburg”. Meiwurkers fan de ‘Stichting Nederlands kunstbezit’ en it ‘Rijksbureau Monumentenzorg’ reizgen nei Hamburg. Hja koene troch de opferve registraasjenûmers op it ‘Reiherstieg Holzlager’ in grut tal Nederlânske klokken weromfine.
Korreksje
"It ryks monumintnûmer fan de Weidumer tsjerke/oerwurk/oargel en klokken is 1518 (net 1519 sa't yn it aprilnûmer stiet)"
Troch meiwurking en help fan Ingelske en Amerikaanske militêre ynstânsjes koe de kustfarder Mr. Harm Smeenge, mei yn it rom 150 klokken, fan Hamburg nei Harns farre. By in plechtigheid op moandei 19 novimber 1945 mei taspraken fan de waarnimmend Kommissaris fan de Keninginne en de boargemaster fan Harns waard de earste klok út it skip takele en op 'e dokkade setten. It wie in klok út Warkum en dat is te sjen op in filmke, opnommen troch it Polygoon bioskoopsjoernaal. In muzykkorps spile it Nederlânske, it Ingelske en it Fryske folksliet. Dy moandeitejûns kaam it m.s. Pro Patria yn Harns oan mei nochris 50 klokken. Yn de LC fan 26 novimber 1945 is de ynventarisaasje troch Heerma van Voss yn Harns beskreaun. By in tal klokken wiene de kroanen hielendal of foar in part sneuvele. It klokje fan it Gabbema Gasthûs yn Ljouwert wie brutsen. It die bliken dat fan de 200 klokken, 23 net út Fryslân kamen en dêrfan wiene 2 hielendal fernield. Yn de list mei alles dat weromkaam wie, stiene de beide Weidumer klokken (ek dy fan Jorwert (de lytse), fan Bears (beide) en Marsum (de grutte).
It ophingjen fan de klokken
De Inspectie Kunstbescherming woe it werombringen en ophingjen fan de klokken safolle mooglik kollektyf útfiere litte. Architekten krigen it tafersjoch; Ir. Vegter foar it súdwesten fan 'e provinsje. Oannimmer Jorritsma út Boalsert hat yn hiel Fryslân hast alle M-klokken út Giethoorn en de measte klokken út Harns ophelle en wer ophongen. Lieren, stielkabels en katrollen hiene hja yn brûklien fan it P.E.B.. Ferfier barde yn it begjin mei in motorpream dy't hierd waard fan Van Der Werf bouwstoffen. As ferbliuw foar tsien meiwurkers (trije ploegen) wie in skûtsje fan de seeferkenners út Harns beskikber. Fan maart 1946 ôf gong it transport oer de dyk mei in trijetonner fan frachtrider Duiker. De minsken waarden doe, as dat nedich wie, ûnderbrocht by partikulieren. De grutte en de lytse klok binne yn ’e maaitiid fan 1946 (datum wie net te efterheljen) troch Jorritsma wer yn 'e toer fan Weidum ophongen. It rekkeningeboek fan de tsjerkfâdij jout noch as ynformaasje: “Betaald aan de Rijksinspectie van de Kunstbescherming te Leeuwarden voor het ter plaatse terugbrengen van de klokken f 190,00”. Dat bedrach wie yn maart 1946 troch Ir. Vegter oan de tsjerkfâdij opjûn. En: “Betaald aan S. v.d. Vegt kwit. 24 en 32: f 105,92”. Yn 1943 en yn 1946 hat timmerman oannimmer Sjoerd van der Vegt de skea oan muorrewurk, galmgatten en klankbuorden ferholpen. Dowestien út 'e Dútske Eifel wie doe net te krijen, de Weidumer toer hie oant de lêste restauraasje in ‘groede’ fan in oare soart- en kleur stiennen heech yn 'e noardmuorre.
De Weidumer klokken ha de oarloch (behâldens inkele lytse skansearrinkjes) oerlibbe troch de folgjende tafallichheden en feiten:
-By it útheljen binne de klokken net nei ûnderen smiten en dus hiel bleaun.
-It slagge Kunstbescherming om transporten nei Dútslân sa folle mooglik út te stellen
-RAF en USAF bommewerpers ha de ferneatiging fan klokken tige súksesfol opkeard.
-Yn Meppel, by transport en yn Hamburg is gjin skea ûntstien.
Weidumer klokken no en yn 'e takomst
Yn 1954 is yn opdracht fan 'e tsjekfâdij toch smid Bouwe de Vries de liedynrjochting fan beide klokken drastysk feroare. Liedearmen waarden izeren liedtsjillen, mei smeide ôfstânhâlders (of speunhâlders). Tusken de lagers en de houtene liedassen ûntstiene sa kruk-liedassen. Hjirnei wie yn Weidum it ‘lieden mei fleanende of sweevjende bingel’ wizige yn ‘lieden mei fallende bingel’.
Dizze ‘modernisearring’, waard yn in soad stêden en doarpen as in soarte fan ‘rage’ útfierd. Kloklieden gie dêrtroch makliker, foaral lichter en de réaksjekrêften op de klokkestuollen en muorrekonstruksjes waarden wat leger. Der binne ek nochal wat neidielen by ‘fallende bingels’.
De lange kontakttiid tusken bingel en slachrâne fan 'e klok makket in optimale klankopbou ûnmooglik. Troch it ‘falhammereffekt’ ûnstiet yn 'e oanslachflakken ferlies fan brûns yn 'e foarm fan ‘pletskilfers’. Belêsting op 'e kroanearmen is tige heech en der is in risiko fan skuorren yn de slachrânen en de flanken. De úthollingen op it plak fan de bingeloanslachflakken, foaral by de grutte Van Wou klok, lykje te bewizen dat dizze klok de lêste 65 jier mear te lijen hân hat as yn de eardere 423 jier.
Rjochte liedassen en ‘liede mei fleanende/sweefjende bingels’ soe yn Weidum it útgongspunt wêze moatte. De klokken krije dan troch heger oplieden in natuerlike klankopbou mei saneamd ‘doppler effekt’ en in ‘historysk bim-bam tempo’ werom. By tapassen fan liedmotoaren spilet swierder lieden gjin rol mear. De klokkestoel dêr't troch timmerman R. Boorsma yn 1847 grutte reparaasjes oan útfierd binne mei ‘vervanging van kloksbinten’ hat oant 1954 de réaksjekrêften fan it lieden mei rjochte liedassen (fleanende/sweevjende bingels) opfongen.
De Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed is grut foarstanner fan it ophingen fan liedklokken oan rjochte liedassen. De monumintewacht hat yn har rapport fan 2015 advisearre om de Weidumer klokken oan rjochte liedassen op te hingjen. Yn Fryslân binne op guon plakken de rjochte liedassen al ‘werom fan fuortwest’. Inkele foarbylden: Easterlittens, Dronryp, Tsjom, Raerd, Hallum, Menaam, Seisbierrum, Lollum en Waaksens. Der binne oeral plannen om monumintale klokken op dizze wize te rehabilitearjen (en te beskermjen).
Liedmotoaren
Doe't yn 2017 de liedynrjochting yn 'e Weidumer toer yn disoarder rekke hat de firma Vellema út Hallum wurke oan it opmeitsjen en dat wie begjin 2018 klear. Immen hat it beslút nommen om de kruk-liedassen en sa de ‘fallende bingels’ te behâlden. Dat liket op in miste kâns/histoaryske flater. Op it wurk fan Vellema, dy't in protte oan rykstsjinst relatearre wurk útfierd, is neat oan te merken. De draaipunten fan de kruk-liedassen binne no moderne yndustriële lagerblokken; de fjouwer histoaryske brûnzen glydlagers binne yn 'e toer by de klokken opslein. Alle nij makke stielen ûnderdielen, liedtsjillen, stroppen, spanbûgels en (laske doasfoarmige) ôfstânhâlders binne kreas ôfwurke en goed beskerme tsjin rustfoarming. It is mei wat oanpassings dochs noch mooglik om de liedynrjochting te feroarjen nei rjochte liedassen om sa it ‘lieden mei fleanende/sweevjende bingel’ te rekonstruearjen. Goed ynstallearre- en sekuer ôfstelde liedmotoaren binne in garânsje foar in tige regelmjittige liedbeweging. De ûnegale sterk wikseljende ‘minskkrêft’ spilet dan gjin rol mear. Dat is geunstich foar it behâld fan monumintale klokken. By stringe froast (min 15 graden Celsius of leger) is der by it lieden in tige grut risiko fan skuorfoarming yn it ieuwenâlde brûns.
It bestjoeringssysteem foar automatysk lieden kin mei in temperatuersensor yn de omjouwing fan de klokken by sa'n útsonderlike sitewaasje it lieden dan útskeakelje.
Boarnen :
Tsjerkfâdijargyf- en rekkeningboeken fan de herfoarme tsjerke yn Weidum.
"Aantekeningen over zich in Friesland bevindende klokken in het algemeen en over de opschriften daarop in het bijzonder”/ A.L. Heerma van Voss 1942/1943. (Tresoar)
"Luidklokken in Friesland vóór 1650/Gerrit Verhoeven, Doctoraalscripte Geschienis” 1983.
"Luidklokken, Klokluiden en Klokkenstoelen”/ G.W. Tempelmans-Plat 1971.
"De Kamper Klokgieters”/ C.N. Fehrman 1967.
"Van Paardebel tot Speelklok”/Dr. André Lehr 1971.
"Zingende Torens in Friesland, Groningen, Drente & Overijssel”/Dr. André Lehr en ing. J.W.C.Besemer.
”Geert van Wou, een uitzonderlijke klokkengieter”/Dr. André Lehr. (ynternet)
Wikipedia: Geert van Wou (lêste bewurking op 11-11-2016); Hans Falck (Ynkompleet oersjoch)
"De zwerftocht van Peter, een Breukelse kerkklok tijdens de tweede Wereldoorloch”/J.Slingerland
Tydskrift historyske kring Breukelen jrg 8, nr. 2 1993. (ynternet)
"Drentse kerkklokken in duitse smeltkroezen”/H.M. Luning. Drintse folksalmanak 2008.(ynternet)
"Klokkenvordering 1942-1943, inventarisatie gekoppeld aan de Meulenberg administratie bij het
Nederlands Instituut Oorlogsdocumentatie, dl.1 en 2”/H.J. Van Nieuwenhoven 1996 (Tresoar)
Argyf Ljouwerter Krante en ferskate ynternet sites mei ynformaasje en foto's
Polygoon bioscoopjournaal: “Nederlandse klokken uit Duitsland teruggekeerd” bylden opnommen yn Harns op 19 novimber 1945.
”Inspectierapport Kerk en Toren Weidum”/ Stifting Monumintewacht Fryslân 2015.
”Verslag over het terugplaatsen van kerkklokken in Friesland”/Jetze Jorritsma 1988. (Tresoar)
Weidum, maaitiid 2019
Bart van der Sloot / Dirk Limburg