Nijs fan It Nut, simmer 2019

27 oktober 2019

Wizige op 26-11-2019, 10:58:34

Nijs fan It Nut, simmer 2019

De simmerfakânsje stiet foar de doar! Noch efkes en we sitte mei ús allen wer yn it ‘feestgedruis’ fan de Merke. De kommisje is alwer drok dwaande mei alle tariedings en der wurdt troch alle strjitferienings manmachtich wurke oan de fersierde weinen foar de optocht. In wike letter sil de Spulwike ús doarp in wike lang kleurje mei al dy bliere bern en entûsjaste lieders. En dan sil it lang om let wol wer wat stiller wurde yn Weidum. Dat mei ek wol, want it is wer in drokke boel west yn ús doarp. Al dy unike en bysûndere aktiviteiten: dêr’t in lyts doarp grut yn is!

Weidum yn it nijs
It wie efkes in heftige wike heal april. In nijsberjocht op Omrop Fryslân oer ‘finansjele problemen’ by muzykferiening Harmonie Weidum en op deselde dei it berjocht oer de opheffing fan gymnastykferiening K.V.V. It waard troch de fryske media oppakt en wy ha as It Nut meimakke wat it is om ‘sjoernalisten op je dak’ te krijen. Uteinlik noch in moai stik yn de Ljouwerter Krante. It leit ek de pinepunten fan it doarpebudzjet goed bleat. Oan de iene kant it belang fan finansjele stipe oan ferienings, oan de oare kant it idee dat it budzjet bedoeld is foar it hiele doarp en wy it mar ien kear útjaan kinne. It is wol hiel spitich dat K.V.V. (in klub mei sa’n rike histoarje) ferdwynt út it doarp. We sille de kommende jierren sjen hoe’t it rinne sil. As de needsaak der is, kinne plannen fansels altyd oanpast wurde. Wy binne trouwens wol hiel bliid mei it doarpebudzjet sa as jimme op de foto sjen kinne! ;-)

Weidum in het nieuws in april. Een nieuwsbericht over financiële problemen bij muziekvereniging de Harmonie en op dezelfde dag het bericht over de opheffing van gymnastiekvereniging K.V.V. Ook bij Het Nut is hier natuurlijk aandacht voor en we zullen zien hoe het de komende jaren zal gaan met het dorpenbudget.

In nije boargemaster
It sil jim fêst net ûntgien wêze; de nije boargemaster fan Ljouwert is Sybrand van Haersma Buma. Dat de boargemaster al wat ‘hat’ mei ús doarp is fansels wol hiel bysûnder. Wy ha him as It Nut dan ek hertlik lokwinske mei dizze beneaming. We krigen noch in aardich berjocht werom. 

Open Monumentendag’  sneon 14 septimber 2019

Dit jier sil de Open Monumentendagroute fan de  gemeente Ljouwert troch Weidum, Bears, Mantgum en Jorwert gean. Tusken 10.00 en 17.00 oere binne mear as 20 histoaryske objekten en wenhuzen te besjen. Ek it histoaryske begraafplak fan de famylje Buma wurdt by útsûndering troch de famylje iepensteld foar publyk.        
Yn Weidum sil dêrneist ek in keatsclinic plakfine en wurdt der by de konsistoarje in gesellich ‘pleisterplak’ makke. Tige nijsgjirrich om de rûte by del te fytsen of om in unyk ynsjochje te krijen fan ús eigen doarp.

Op 14 september 2019 is Weidum onderdeel van de Open Monumentendagroute van de gemeente Leeuwarden. De route gaat langs 15 tot 20 panden en objecten. Ook de historische begraafplaats van de familie Buma wordt bij hoge uitzondering opensteld voor het publiek. Tevens zal er een kaatsclinic plaatsvinden in het dorp.

Buertprevinsje WhatsApp

Mei de simmerfakânsje foar de doar wolle we jim der noch mar wer ris op attindearje dat we in buertprevinsje Whatsappgroep ha. Al 85 Weidumers sitte yn dizze Whatsappgroep! Mear ynformaasje hjiroer fine jo op https://wabp.nl/. Oanmelde kin troch in mail te stjoeren mei jo namme en telefoannûmer nei buurtpreventieweidum@gmail.com.

Al 85 Weidumers nemen deel aan de buurtpreventie WhatsApp groep. Aanmelden kan door een email te sturen met uw naam en telefoonnummer naar buurtpreventieweidum@gmail.com.

Wy winskje jim allegear in hiele moaie en noflike simmer ta!
Groetnis fan it bestjoer,
Gertjan van der Meer, Steven Duursma, Franci Heeger, Sijtse-Auke Flapper, Tialde Ploegh.

Nijs fan It Nut oer wenningbou
De lȇste jierren ûnder de gemeente Littenseradiel siet wenningbouw yn Weidum folslein op slot.
It wie allinnich mooglik op besteande lokaasjes te bouwen, nijbou wie gjin opsje.
Littenseradiel stie allinnich nijbou ta yn Wommels, Mantgum en Winsum. De gemeente Ljouwert stiet der wat oars yn en dat jout miskien dochs wer kânsen om ek yn Weidum nijbou te realisearjen, mar der binne wol in hiele soad beheinings en betingsten. 

Op 20 maaie en 6 juny ha der twa gearkomsten west yn Goutum en Mantgum oer wat tsjintwurdich de Woonvisie hjit. Gemeente en wenningboukoöperaasjes binne dwaande om in nije fyzje te meitsjen.  Oanwêzich wiene de Gemeente Ljouwert en Wenningkoöperaasje Elkien. Undersyksburo Partoer presintearre in rapport oer it takomstich wenningferlet yn de stêd Ljouwert en yn de doarpen.
It die bliken dat foar de doarpen oan de súdkant fan de stȇd de ferwachting is, dat der yn de perioade oant 2025 noch in beheind ferlet is fan nije keapwenten en sosjale hierwenten.
Nei 2025 rint it tal ynwenners fan de doarpen werom en is der ek minder ferlet fan keap- en hierwenten.

De measte keapwenten yn de doarpen binne frijsteand mei in tún. De ferwachting is dat de kommende generaasjes leaver  kwalitatyf heechweardiger wenten (enerzjysunich en ûnderhâldsearm) ha wolle en net in grutte tún.
Starters begjinne net yn in frijsteande wenning, mar komme lang net altyd yn oanmerking foar in sosjale hierwenning. Foar dy groep binne der yn de doarpen te min mooglikheden om goedkeap te wenjen. De âlderein wol it leafst sa lang mooglik op harren fertroude plakje wenjen bliuwe. As it echt net mear kin binne der yn de doarpen te min mooglikheden. Yn de sosjale hiersektor is der yn de takomst allinnich noch mar plak foar lytse húshâldingen (ien of op syn meast twa persoanen).

Nijbouhuzen steane der foar mear as fyftich jier en sjoen de ferwachte krimp sil de gemeente tige wjerhâldend wêze by nijbou yn de doarpen. Útwreiding oan de bûtenkant fan de doarpen wurdt net tastien. Nijbou fan wenten binnen de kom fan it doarp dy’t oanslute op de fraach, falt oer te praten.  Dan moat it doarp mei in plan komme dat tûk ynspilet op de fraachstikken en ûntwikkelingen fan de takomst. Mar minstens sa wichtich is it ferbetterjen fan de besteande wenten as ûnderdiel fan sa’n plan. Dan binne sawol gemeente as wenningboukoöperaasje ree om dêr nei te sjen en mei it doarp yn petear te gean. It Nut hâldt de finger oan de pols en hâldt jim op ’e hichte!

Yn Weidum steane mear sosjale hierwenten as yn de measte oare lytse doarpen. Elkien hat tasein dat de huzen foar lytse húshâldingen oan de Kinsck fan Roptawei en de Idzerdaleane beskiber bliuwe.
By de tawizing wurdt gjin rekken hâlden mei wêr’t de minsken weikomme. Dejinge dy’t de measte punten hat komt yn oanmerking as der in wenning frijkomt. Wa’t as Weidumer graach yn oanmerking komme wol foar in hierwenning yn eigen doarp moat him of har lang fan tefoaren ynskriuwe om op ’e tiid genôch punten te garjen. Dêrom fan ús kant it advys: Wa ’t no of skylk graach yn oanmerking komt foar in hierwenning yn it doarp moat op ’e tiid ynskriuwe by Elkien. Dat jildt ek foar jongeren, dy’t der no noch net oan ta binne mar yn de takomst wol. Op ’e tiid ynskriuwe betsjut dat op it momint dat der in wenning oanbean wurdt, je boppe oan de list steane.
Wa ’t minimaal 18 jier is kin ynskriuwe fia www.frieslandhuurt.nl/inschrijven. As der foar dy tiid in wenning oanbean wurdt dan binne jo frij om dat oanbod oer te slaan, dan ferlieze jo gjin rjochten op it folgjende oanbod.