Nijs fan It Nut, maitiid 2020

6 april 2020

Wizige op 25-05-2020, 09:39:17

Nijs fan It Nut, maitiid 2020

As ik dit skriuw is de tredde besmetting fan it Corona-firus yn Fryslân krekt bekend makke. It like oant in pear dagen lyn noch in ‘ver-van-mijn-bed-show’, mar it firus liket no ek yn Fryslân om him hinne te slaan. Krije we hjir aanst ek allegear fan dy Italië-tastannen? Giet it hjir aanst ek op slot? Sitte we by it útkommen fan dizze Rûnkranter misskien allegear yn ‘Weidum-ysolaasje?’ Dat lêste gefal soe neffens my ek noch wol gesellich wurde, want wy witte as doarp altyd oeral wol wer in feestje fan te meistjen. Tusken alle Corona-berjochten troch seach ik op de side fan it RTL-nijs ek noch in hiel leuk berocht oer ús skoalle. It Pertoer skoart in 8.8. yn it jierlikse skoalle- ûndersyk fan de stjoerder.
In prachtich resultaat foar ús doarpsskoalle en in moai sinjaal nei ús gemeente. We hâlde de ûnwikkelingen op it mêd fan ûnderwiis yn de doarpen sydlings yn 'e gaten en mei sokke sifers hoege wy neffens my foarearst net yn te sitten oer it fuortbestean fan ús skoalle.

JIERGEARKOMSTE

Tongersdei 27 febrewaris siet de lytse seal fan it doarpshûs fol mei belangstellenden. De jiergearkomste fan feriening It Nut is sa lang wy ús heuge kinne, noch nea sa manmachtich besocht. Kaam it omdat de wethâlder der wer wêze soe, fan de sprekkende ûnderwerpen dy't op de aginda stiene, de befiningen fan de doarpsstyliste of dochs de ferantwurding fan it doarpenbudzjet?

Nee fansels net. Ik kaam omdat wy ôfskie namen fan ús skriuwer Steven Duursma. In skriuwer dy't sa folle mear die as skriuwe. Kontakten mei de gemeente, it behear fan alle ynkommen stikken (en leau ús dat binne der noch al wat), it klearmeitsjen fan de stikken foar ús gearkomsten en noch folle mear. Hy wie de inisjator fan it listrinnersdebat dat we in pear jier lyn yn it doarpshûs holden ha en dat de klokken wer sjong,n ha we foar in grut part oan Steven te tankjen. Ek hat er him fêstbiten yn ‘Nieuw Stroomland’; alle plannen fan de gemeente foar it stik grien krekt boppe Boksum, waarden troch Steven en meistanners út omlizzende doarpen kritysk besjoen en tsjinholden wêr mooglik. Troch syn eftergrûn wist er presys hoe’t it amtlik apparaat wurket en syn motto wie dan ek: “Oanhâlde as storein”. Dêrom krige hy op de jiergearkomste in hiel tapaslik kado oanbean; in paraplu!
Jimme sille begripe dat wy it tige spitich fine dat Steven ús bestjoer ferlitten hat en dat we him hiel bot misse sille. Sytse-Auke nimt de taak fan skriuwer oer fan Steven en we binne bliid dat we Anton Wijnstra ree fûn it bestjoer te fersterkjen.

Njonken it ôfskied fan Steven, stiene der ek noch oare saken op de aginda. Sa ha we mei elkoar fan gedachten wiksele oer it werombringen fan ôffal en it ynsammeljen fan it âld papier. Nei it skoft wie der in nijsgjirrige presintaasje fan Hieke Joostema, de ‘doarpsstyliste’. Sy hat mei har kamera Weidum troch west en ús sjen litten wat de moaie en minder moaie plaatsjes yn Weidum binne. Hiel aardich, sa’n “frisse blik” op it doarp. We seagen ús doarpe- manager flink meiskriuwen, dus wa wit kinne we ynkoarten wat nije roazebottel-struken ferwachtsje.

DOARPEBUDZJET 2019 en 2020

It ôfrûne jier ha we foar it earst mei it doarpebudzjet wurke. Op de jiergearkomste ha we ferslach dien fan de besteging fan it budzjet oer 2019. Sa as earder oanjûn ha ferskate ferieningen itselde bedrach krigen as de bydrage dy’t se eartiids fan de gemeente Littenseradiel krigen oan subsydzje. Dêrnjonken ha we noch in oantal oare oanfragen krigen dy’t we takend ha. It bedrach fan € 9.400,- dat we fan de gemeente krigen ha, is as folget takend:

Feriening it Nut (algemiene bydrage)

€    250,-

Nije Kriich (bydrage lykas 2018)

€ 3.105,-

Harmonie (bydrage lykas 2018)

€ 4.090,-

Bijflinterlint

€    250,-

Folksdûnsjen

€    325,-

Doarpsenerzjy

€  1.000,-

Bydrage iepening klokken

€     380,-

 

 Foar dit jier binne der al ferskate oanfragen dien. Sa lang der noch   subsydzje oer is kinne der noch oanfragen yntsjinne wurde by It Nut   fia pleatsliknutweidum@gmail.com. De bydrage moat as doel ha de   leefberens yn it doarp te behâlden en/of te fergrutsjen.

 NIJ KAPBELIED
 Mei yngong fan 1 jannewaris jildt der in nij kapbelied by de gemeente   Ljouwert.
 De gemeente hat it kapbelied hiel bot ferromme. Dat is oan ’e iene kant   fansels moai, want dat skeelt by it wurk fan it oanfreegjen fan in   kapfergunning. Oan de oare kant jout it in soad frijheid om beammen te   kappen, mei as gefolch dat der in protte grien ferdwynt. It Nut is fan   miening dat de frijstelling fan njoggen beammen wol hiel rom is en wol   jim dan ek freegje der behâlden mei om te gean: “Kap met mate!”

 

Bomen en groen in de gemeente Leeuwarden

Vanaf 1 januari gelden voor de hele gemeente Leeuwarden dezelfde regels voor het kappen van bomen. Uitgangspunt van de gemeente Leeuwarden is het behoud van bomen en groen, omdat een groene omgeving bijdraagt aan een gezonde leefomgeving. Maar soms kan het voorkomen dat u 1 of meerdere bomen wilt kappen.

Wat moet ik doen als ik een boom wil kappen?

* Voor het kappen van maximaal 9 bomen heeft u geen vergunning nodig.

* Voor het kappen van 10 of meer bomen heeft u wel een vergunning nodig. Het gaat daarbij om bomen die op 1.30 m. hoogte een stamdoorsnede hebben van 20 cm of meer. Kleinere bomen tellen niet mee. Als een boom voorkomt op de lijst van monumentale en waardevolle bomen moet u altijd een vergunning voor kap aanvragen

* Als u een vergunning nodig heeft dan geldt ook een herplantplicht van 110%. Als herplant niet mogelijk is betaalt u een compensatiebedrag van € 500,- per boom. Voor een monumentale of waardevolle boom is dit € 2000,- .
Deze bedragen worden in het Compensatiefonds groen gestort. Dit fonds wordt bijvoorbeeld gebruikt om op andere plekken bomen en groen te planten.

Bomen en zonnepanelen

De gemeente juicht het plaatsen van zonnepanelen toe. Bij plaatsing van zonnepanelen moet u er rekening mee houden dat bestaande bomen mogelijk kunnen groeien. Mochten bomen op openbare/publieke grond het licht van uw zonnepanelen wegnemen dan is dat geen reden voor de gemeente om  snoeien of kappen toe te staan.

Meer informatie

U vindt de regels en overige informatie voor het kappen van een boom op de website van de gemeente Leeuwarden, op de pagina Groen. Hier vindt u ook de lijst van monumentale en waardevolle bomen.

 

Oant sa fier!
Groetnis fan it bestjoer,

Gertjan van der Meer, Sijtse-Auke Flapper, Franci Heeger, Anton Wijnstra en Tialde Ploegh.