D’UM

Nijs fan It Nut juny 2025

16 july 2025

Wizige op 16-07-2025, 15:19:26

Nijs fan It Nut juny 2025

2025-06-10 Nijs fan it Nut, Simmer edysje

De simmer stiet foar de doar, al liket it der no even net op. We ha wol de drûchste maaie moanne  hân dus der wurde al wer rekords brutsen. Op de Hegedyk rint de temperatuer ek op. Sa koenen jim ûndersteand skriuwen yn de bus fine:

Beste Weidumers,
De borden staan er en de meesten van ons weten het.

Hegedyk afgesloten van 12 mei tot 27 juni
Afgesloten voor auto’s fietsers en voetgangers van 7.00 uur tot 16.00 uur.
Fietsers en voetgangers worden omgeleid via de betonweg, maar voor auto’s (behalve de aanwonenden) is deze sluiproute verboden. De gemeente doet dit voor de veiligheid van de schoolkinderen en andere voetgangers en fietsers
Het is vervelend en lastig, maar we doen een dringend verzoek aan een ieder om zich te houden aan de borden.
It Nut Weidum

Jim kinne no sjen dat der hiel wat bard is. De oanlis fan it fytspaad is klear. 

Op 23 april kamen Boargemaster Buma en wethâlder Reitsma foar in moeting nei Weidum ta. Earst by It Wiel om te praten mei de lokale ûndernimmers en as ôfsluter noch yn de Fiif Sinnen om even nei te praten mei minsken fan It Nut (Franci en Anton) en fansels mei gastfrou Daniëlle Buis. Tige oangenaam en altyd moai om de bân tusken de Buma’s en Weidum oan te heljen.
Op 22 maaie komt de wethâlder nochris yn Weidum om te praten oer saken lykas grien en diken. We kinne sjen litte hoe’t alles der by leit. Gertjan en Franci rinne in rûntsje troch it doarp mei wethâlder Reitsma.

Undertusken is de Skiedniskommisje, besteande út Klaes, Eelke, Gertjan en Piet,  drok mei it sammeljen fan  foto’s en ferhalen fan Weidum en syn bewenners en wurdt der tocht oan it meitsjen fan in boerd mei belangrike ynformaasje oer it doarp en de skiednis. Ek is It Nut dwaande mei de Doarpsfyzje. Dat is in proses dêr’t in protte tiid yn sit. We sette rêstich troch.

It Nut winsket alle Weidumers in noflike simmer ta.

Gertjan, Franci, Sijtse Auke, Piet en Anton