D’UM

Nijs fan It Nut, desimber 2024

25 april 2025

Nijs fan It Nut, desimber 2024

Sûnt de simmerfakânsje hat it bestjoer fan It Nut al wer trije kear by mekoar west: op 10 septimber, 14 oktober en 20 novimber.

Op 14 oktober kamen twa Grien-mannen fan de gemeente lâns by de fergadering fan it Nut: Jan Lautenbach fan Grien en Jaap Kuipers fan ‘Infrastructuur en verharding’. Se wiene yn it selskip fan Rikkie Hagen, ús doarpsmanager. It wie in goed petear oer it ûnderhâld fan it grien en hoe ’t we maklik problemen oanjaan kinne.

In weromkearend tema by de fergaderingen: de bankjes.
Wa ’t Weidum.eu regelmjittich besiket wit dat der in fernijingsslach plakfûn hat. Op it Havenspaad, de Idzerdaleane, de Hanialeane en de Hegedyk binne nije keunststofbankjes pleatst en by de kanofiver steane nije banken mei in tafel. It sjocht der moai út en it hat net folle ûnderhâld nedich. We binne der bliid mei.

De minsken dy’t ús webside: Weidum.eu, wer nij libben ynblaze, ha by mekoar west. Se sille oan ’e gong mei it histoaryske foto-argyf fan Weidum. In oprop oan alle Weidumers: wa ’t âlde foto’s fan Weidum hat (fan strjitten, huzen as fan eardere bewenners) kin kontakt sykje mei Gertjan van der Meer. De foto’s kinne dan digitaal makke wurde foar gebrûk op de Webside. Fansels krije jo de foto’s wer werom!

Der is ek nijs oer de yntree súd:
De fergunning foar it feroarjen fan de sleat en pleatsing fan in damwand is binnen. Dit is it begjin fan it proses om romte te meitsjen foar it fytspaad by  Weidum fan de Mantgumer kant ôf. Yn 2025 giet it dus echt oan!

We sette rêstich troch mei de doarpsfyzje en binne fan doel om dy op de jierfergadering mei jim te bepraten. De jierfergadering sil plakfine op tongersdei 13 maart 2025 yn it Doarpshûs om 20.00 oere.
We hoopje jim dêr allegear te sjen!

We winskje jim alfast in noflike kryst en in sûn 2025 ta!

Franci, Gertjan, Piet, Sijtse Auke en Anton.