(Koart) Nijs fan It Nut, simmer 2021

4 july 2021

Wizige op 04-07-2021, 11:08:00

(Koart) Nijs fan It Nut, simmer 2021

De simmerfakânsje stiet foar de doar. Mar foar’t we dêr fan genietsje kinne, sille we jim earst noch efkes koart byprate fanút It Nut. “Koart?”, hear ik jo tinken, ja koart. Der is nammentlik net in hiele protte te melden en boppedat ha ik fan Janny de opdracht krigen it by uterlik twa siden te hâlden. Komt dat efkes goed út. Mar sûnder gekheid, fansels spilet der wol fan alles, mar der komt op dit stuit net safolle fan de grûn. It Coronafirus hat wat dat oanbelanget foar fertraging soarge yn de avesaasje fan guon plannen fan de gemeente. Dat dêr sille we jim efkes koart oer byprate.

Ferkearskommisje
Yn de foarige edysje fan de Rûnkranter ha we útlein dat der in kommisje dwaande is mei de oanpak fan de komgrins fan it doarp oan de kant fan Mantgum. Dizze ‘ferkearskommisje’ bestiet út GertJan van der Meer (fanút It Nut), Steven Duursma en Roland Jaspers. De ferkearskommisje hat kontakten mei de gemeente oer de (ûnfeilige) ferkearssituaasje fan Yntree Súd. Wy ferwachtsje noch foar de simmerfakânsje in konkreet plan fan de gemeente foar Yntree Súd.

De verkeerscommissie bestaat uit Gertjan van Meer (vanuit It Nut), Steven Duursma en Roland Jaspers. Zou houden zich bezig met de (onveilige) verkeerssituatie bij de entree van het dorp aan de kant van Mantgum. We verwachten voor de zomervakantie een concreet plan van de gemeente.

Brêge en ferljochting
Fanút de gemeente is oanjûn dat de fytsbrêge oer de Swette by it it Weidumerhout oanpakt wurde sil en de strjitferljochting yn en om it doarp ferfongen wurdt. Beide saken steane foar 2021 op de aginda, mar wy kinne jim op dit stuit net oanjaan wannear’t it konkreet sa fier wêze sil.

Het aanpakken van de fietsbrug over de Swette en het vervangen van de straatverlichting in het dorp staan voor dit jaar op de agenda. We weten echter (nog) niet wanneer de werkzaamheden starten.

Bankjes
Foarich jier ha we in oprop dien foar it ‘adoptearjen’ fan in bankje. Der is manmachtich op dizze oprop reagearre en alle bankjes ha ûndertusken in nije adopsje-âlder. De gemeente hat foarich jier oanjûn dat se de bankjes earst sels bylâns wolle, foar’t se oerdroegen wurde oan it doarp. Dat is spitigernôch noch hieltyd net bard. We sitte hjir boppe op, omdat we de frijwilligers oanjûn ha noch efkes te wachtsjen, mar der ûndertusken gjin ûnderhâld plakfûn hat. We wolle net dat de bankjes fertutearzje, wylst se al jierren sa kreas ûnderholden binne.

Voor het onderhoud van de bankjes in en rond het dorp hebben zich genoeg vrijwilligers aangemeld. Super! De gemeente heeft aangegeven de bankjes eerst zelf aan te willen pakken.

Foarsitter werbeneamd
Yn de foarige Rûnkranter ha we oanjûn dat ús foarsitter Gertjan van der Meer dit jier ôfgeand bestjoerslid wie en op ’e nij beneamber wie. Der ha har gjin tsjinkandidaten melden, dat Gertjan is op ’e nij beneamd. Lokwinske Gertjan! En wy binne bliid dat we dy noch in skoftsje as foarsitter hâlde kinne.   

We zijn verheugd dat onze voorzitter Gertjan van der Meer herkozen is als voorzitter!

!!! AED tenein by it doarpshûs !!!
We ha in nije AED oanskaffe moatten, omdat de oare stikken gien is mei de froast. Om te foarkommen dat soks yn de takomst wer bart, ha we ek in ‘klimaatkast’ oanskaft. De AED sil tenei ek in nij plak krije. Dizze is fan no ôf te finen by it doarpshûs (Bornialeane 1)!

LET OP: de AED hangt vanaf nu aan het dorpshuis (Bornialeane 1) !!!

Ta beslút it NK-Tegelwippen
Understeand berjocht krigen we fan de gemeente. Miskien binne der strjitten, ferieningen of oare inisjatyfnimmers dy’t it aardich fine hjir wat mei te dwaan! It NK rint oant 30 septimber 2021.

Hebben jullie ook al gehoord dat Grou 40 vierkante meter aan nieuw groen rijker is? Dit is ontstaan uit een actie van initiatiefnemer Grou2030, waarbij vier straten met zijn allen nieuwe geveltuintjes hebben aangelegd. Dit is niet alleen goed voor de natuur in het bewoonde gebied, maar ook voor de banden die weer zijn aangescherpt binnen de buurt! Een dergelijke dag organiseren is zo gepiept! De gemeente heeft de nieuwe geveltuintjes gefaciliteerd en de bewoners mochten ze zelf aanplanten. Dit creëert een erg leuke dag waar we allemaal weer aan toe zijn. Heeft u interesse? Twijfel niet en neem contact met ons op. Dit kan via NKtegelwippen@leeuwarden.nl of bel naar 14058.

We winskje jim in hiele noflike simmer(fakânsje) ta!
Groetnis fan it bestjoer,
Gertjan van der Meer, Sijtse-Auke Flapper, Franci Heeger, Anton Wijnstra en Tialde Ploegh.