D’UM

Nijs fan It Nut april 2026

25 april 2026

Nijs fan It Nut april 2026

Maitiid

De snieklokjes en oare maitiidsbloeiers komme op, tiid dus foar in berjochtsje fan It Nut

We ha wer fergadere op 13 jannewaris en 16 febrewaris 2026. Yn de fergaderingen wurde de ynkommen stikken trochnommen: meast fan de Gemeente, Doarpswurk en it ‘Gebiedsteam’. We oerlizze oer de takenning fan oanfragen foar it Doarpsbudzjet en we beprate rinnende saken sa as ûnderhâld en grien. Saken dy’t fan belang binne foar alle ynwenners wurde op de webside fan Weidum.eu set, sadat elts it lêze kin. Op 16 febrewaris hat Rikkie Hagen, ús gebietswurker fan de Gemeente Ljouwert, by de fergadering west om eventuele fragen fan ús beantwurdzje te kinnen.

Der binne ferskate gearkomsten dêr’t It Nut foar útnoege wurdt. We beprate hokker we nuttich fine en wa’t der hinne giet fan it bestjoer. Sa as  in gearkomste oer de politike dialooch yn Wergea op 11 maart en de krêft fan ‘AI’ yn wiken en doarpen op 3 febrewaris.
Op it stuit binne we dwaande mei de tarieding fan de Jiergearkomste fan It Nut op tongersdei 26 maart 2026.  De útnoeging leit by jim yn de bus en we dogge in oprop om eventuele fragen oan de gemeente mei ús te kommunisearjen sadat we se op de jiergearkomste besprekke kinne mei fertsjintwurdigers fan de gemeente.

De winter hat bytiden foar aardich wat glêde diken soarge en om dy reden hat It Nut besletten de strjitten in tal kearen skjin skowe te litten. Ek is der sâlt struid op inisjatyf fan It Nut, want de gemeente docht allinnich de Hegedyk, omdat dat in trochgeande dyk is. We hoopje fansels dat elts bliid wie mei dy aksje.

Hooplik oan’t sjen op de Jiergearkomste op tongersdei 26 maart!

Anton, Franci, Gertjan, Piet en Sijtse-Auke.