Gouden spiker festival

25 maaie 2011

Gouden spiker festival

Op sneon 21 Maaie gie de fanfare fan Harmonie Weidum op reis nei Oerterp. Nei it Valentijns konsert wie dit it folgjende projekt wer’t in protte tiid yn stutsen en oandacht oan skonken waard. De stifting kulturele aktiviteiten Opsterlân organisearret jierliks it Gouden Spiker Festival. Sy biede amateur-orkesten in moochlikheid ta in prachtich optreden foar publyk. It Gouden Spiker Festival wurdt organisearre foar Brassbands en Fanfares dy’t út komme yn de 5e, 4e en 3e divyzje. Moarns om acht oere waarden wy ferwachtte by it doarpshûs te stean. En fansels binne der altyd guon te let ! (Dat krige ik ek nei myn holle slingere… no já!) We wiene moai op tiid oanwêzich, en nei it ferdielen fan de ferplichte polsbandsjes en it drinken fan in bakje kofje as thee, koe Corina mei efter de kûlissen om te lotsjen. In kreas plak tusken de earste fiif fan ús divyzje, we mochten as tredde spylje. En dat bestjutte om in oer as healwei alven yn spylje en dan troch nei it ‘echte’ poadium. Yn de oanrin nei dit festival ha wy in jûn spyle ûnder in oare dirigint (Ido Gerard Kempenaar), om mei ús allen wat punten op de I te setten. Allegear ynspirearre troch dizze jûn, koene we fris troch nei de seksje rippetysjes en in stúdzjedei dy’t dêrop folgen. Mar as je dan yn de ynspylromte sitte, barre der wol ris wat nuvere dingen (en flak foar in konkoers as festival barre der ek altyd nuvere dingen…, nea wat stikken en prompt myn riet dwers troch en it ynstrumint hast yn twaen… mei tank oan Van Der Glas die alles it wer op tiid!) Switplakken yn je krease swarte bloeske…, reade flekken op je wangen…, as je muzyk earne lizze litte en soms ek de dingen ynienen alhiel ferkeard spyljen gean (krekt de stikjes dy’t noch nea ferkeard gien binne…) Nuvere dingen, dy senuwen ! Wy binne ûnder lieding fan Reimer Jan Rondaan útein set mei it koraal Shenandoah en dit waard folge troch it ferplichte wurk Astro Suite. Dit lêste stik bestiet út fjouwer dielen en waard dus spyle troch úteinlik alle njoggen fanfares fan ús divyzje. Al is it ‘mar’ in festival en kin je der neat mei winne, yn de sin fan in promoasje, it bliuwt dochs wol spannend. Nei it ferplichte wurk kaam de bugel solo fan Sepkje van der Vegt, it stik I don’t know how to love him. Persoanlik fyn ik it in erg moai stik, en Sepkje hat har der hiel goed op tared en dat wie te hearen ek. Neffens my stie der by de live Twitter berjochten dat it sear muzikaal spyle waard, in moaier komplimint kin je hast net krije ! As ôfslúter spylen wy de mars Froonackers Pride, in moaie mars dy’t ús ek goed lei ! No wolle jo fansels witte as wy der ek wat oan hân hawwe… Jawol ! Al mei al in tige goeie útslach foar ús (foar de dúdlikheid: der bin meardere prizen te winnen) Sepkje krige de tredde priis foar har solo !! Foar it ferplichte wurk ha wy de twadde priis krigen !! Én: Foar it hiele program wat je heare litten hawwe waard ús de tredde priis útrikt !!! In geweldiche útslach foar ús, en in moai gegeven om op fierder te breidzjen !!! JdB.