26 april 2025
Wizige op 29-04-2025, 08:39:19
It is om gek fan te wurden wat je hjoeddedei as konsumint allegear útfûgelje moatte.
Wat foar bundel op ’e telefoan sil ik ris kieze? Mei wat foar syktekostenfersekering bin ik bêste út? Ek op it mêd fan enerzjy kinne je ferdwale yn alle opsjes en ôfwagings. Tal fan oanbieders, in wirwar oan soarten fan kontrakten: fêst, fariabel, dynamysk.
As enerzjykoöperaasje krije we hjir faak fragen oer. Kies grien, soene we yn elts advisearje wolle. Mar ek mei dat dúdlike útgongspunt binne der noch tal fan punten om nei te sjen. De priis fansels. Mar ek: wat is jo ferbrûk?
Ha myn sinnepanielen noch sin? Moat ik miskien dochs oan in batterij? Brûke je noch gas? Ha je in elektryske auto? We helpe graach om antwurden te finen.
Kom nei de ynformaasjejûn fan Enerzjykoöperaasje Weidum
foar útlis en advys oer enerzjykontrakten, akku’s en sinnepanielen
Datum: tiisdei 6 maaie
Tiid: 20.30 oere
Plak: Doarpshûs Weidum
Gertjan van der Meer jout útlis oer ferskillende typen kontrakten. Hy beneamt wichtige punten om rekken mei te hâlden. Ek sil hy noch even werom komme op akku’s en útlis jaan wêrom ’t jo sinnepanielen net út hoege.
Nei it algemiene ferhaal is der nei alle gedachten wol tiid om op (in oantal) yndividuele fragen yn te gean.
De ynformaasjejûn is tagonklik foar eltsenien út Weidum en omkriten. Je hoege gjin lid te wêze fan de enerzjykoöperaasje.
Handich: sykje dyn lêste jierôfrekkening eefkes op, notearje jim ferbrûk oan gas en stroom of nim de paperassen mar gewoan mei.
Graach oant sjen op 6 maaie!
It bestjoer fan de Enerzjykoöperaasje:
Anke Meijer, Geert de Groot, Gertjan van der Meer en Katja Westra