D’UM

Ut it libben fan Jan Monsma

20 febrewaris 2026

Wizige op 20-02-2026, 16:42:44

Ut it libben fan Jan Monsma

(Ut de Rûnkranter fan desimber 2016. Jan Monsma is ferstoarn op 28 jannewaris 2026)

“Wat is der yn de tiid dat wy buorken in soad feroare,” fertelt Jan Monsma. “Earder hiene wy bygelyks de boekhâlding yn in laadsje fan it oanrjocht lizzen. No ha je in kantoar nedich.
As jonge moast ik wol foar ús heit nei de ‘boerenleenbank’ yn Jellum om by Dykstra de ôflossing fan de pleats te bringen. Ik naam kontant jild mei, sette myn hantekening en klear wie it. Dat koe allegear. Kom dêr no mar ris om. En it molkjild krigen wy altyd fia molkrider Tiede de Jong. Dat siet yn in pudsje en waard tusken it lid fan in lege molkbus stutsen. De bussen waarden efterhûs delset. Wy dronken earst rêstich in bakje kofje en hellen dan de bussen pas op!”

As ik by Jan Monsma kom bewûnderje ik earst it moaie útsjoch. Foar, achter en fan siden, oeral rom sicht. It lytse húske op in lape grûn op ’e hoeke fan de Hegedyk en de Skildyk is nei twa ferbouwings in prachtige romme wenning wurden. En noch altyd mei in grutte tún der omhinne. Wy jouwe ús del  yn de keamer mei in bakje kofje. Monsma fertelt. Wat hat hy in soad meimakke yn syn libben en wat wit er in protte fan de histoarje fan Weidum.
Ik harkje mei sân pear earen!

Jan Monsma is op 20 maaie 1936 berne op Papinga State yn Weidum. Hy wenne dêr mei syn heit, mem, ien broer en twa susters. “Myn freonen en ik boarten altyd yn en om de pleats. Dat wie foar ús ien grut boartersplak dêr’t we al ús fantasij wol kwytkoenen. En yn de ûngetiid sieten wy boppenop de heawein dy’t heech opladen wie en mei in pûntsjer(balke) fêstsetten. As we troch de skuorredoar rieden koene wy de boppekant fan it kezyn oantikje.
Wy gongen rinnende nei skoalle ta. Dy stie op ’e hoeke tusken Jellum en Bears want yn 1935 wie de skoalle yn Weidum opheft om’t der te min bern wiene. Ik ha ek noch in skoftke, yn de tredde en fjirde klasse, yn it doarpshûs fan Bears op skoalle sitten. Der moast in nij lokaal byboud wurde op ’e hoeke.”

De Monsma’s wennen sûnt 1932 op Papingastate. Yn 1949 ha Jan syn heit en mem de pleats kocht fan de Buma’s. “Us heit is stoarn doe’t ik 16 jier wie. Doe kaam der in bedriuwslieder, want ik wie noch te jong om it bedriuw oer te nimmen. Ik siet noch op it fuortset ûnderwiis en dêrnei woe ik de oplieding fan twa jier oan de Rykslânbouwinterskoalle ek noch folgje.”
Yn dy tiid moasten alle jonge mânlju noch yn militêre tsjinst. Ek al wie er nedich op de pleats, Jan kaam der net ûnderút. Tusken novimber 1955 en maart 1957 hat er syn tsjinst útsitten as rekrút yn Roermond, foar in oplieding fan twa moanne om mei swiere mitrailleurs om te gean yn Venlo en de rest fan de tiid yn Súdlaren.
“Doe’t ik goed 20 jier wie waard ik dan einlings boer. Earst buorke ik noch sân jier foar ús mem mar yn 1961 trof ik Saakje Houwing en op âlde (12) maaie 1964 binne we troud. Us mem ferhuze nei in hûs by Bears en wy begûnen ús libben tegearre op de pleats.”

Trije jonges krigen se: Oege yn 1965, Tjaarda yn 1967 en Johannes yn 1976. Oege krige by de berte te min soerstof. Dat hie grutte gefolgen. Monsma seit: “Oan de iene kant wiene je bliid mei it berntsje en oan de oare kant fielden je it fertriet om’t it mei in beheining troch it libben moast. Dat joech in soad soarch. En doe’t Tjaarda in pear jier letter berne waard, wie it dreech om de oandacht oer beide jonges goed te ferdielen.” Doe’t Oege oan skoalle ta wie krige er plak op in ynternaat yn Damwâld. Hjoeddedei wennet  er yn Bakhuzen (no yn Kollum red.). Yn 2010 hat Oege noch in slim ûngelok hân. Mar nei revalidaasje is it wer goed kaam. Hy útfanhûzet geregeld in wykein by my.”

Buorkje diene Jan en Saakje tegearre. “Saakje en ik oerleinen en besletten alles mei ús beiden. Bygelyks as der wer wat oanpast of fernijd wurde moast. Wy hienen yn ’e begjintiid in Fryske stâl mei 40 kij. Earst is de betonreed oanlein en letter waard de foarein ferboud. Wy ha it lân draineard en flak makke en mear lân oankocht. By de pleats leit no sa’n 56 ha,” fertelt Monsma. Der waard al mei de masine molken. “It hânmelken ha ik leard doe’t ik 13 jier wie ûnder Bleske 11. Om 1950 hinne krigen wy in molkmasine, doe libbe ús heit noch.”
De masinery op de buorkerijen is troch de jierren hinne ek flink útwreide: trekkers, ladeweinen, meanmasine, swylmasine, pers, hakseler ensfh. In hiele ynfestearring. “Mar tsjintwurdich kieze boeren der ek wol foar om it  leanbedriuw yn te skeakeljen foar it grutte wurk lykas by it kuilen,” jout Monsma oan.

“Yn 1986 is der in lisboksstâl kaam,” seit Monsma. “Saakje koe min ôfsjen fan de Fryske stâl mar je moasten mei de tiid meigean. De feestapel wreide him stadichoan út ta 110 kij.
De pleats wie noch hecht en ik ha altyd respekt hân foar it hiele spul. Sa’n âlde pleats is in behâld foar it Fryske lânskip. Wy ha ris in tal boukunde studinten út Delft op besite hân dy’t witte woene hoe’t it om en ta gong op sa’n âlde Fryske buorkerij. Doe’t se de skuorre fan binnen beseagen seine se: “it liket wol in katedraal!” Ek fernuveren se harren oer de molke dy’t streekrjocht fan de ko yn de tank kaam en sa dronken wurde koe of yn de kofje brûkt waard. Sokke jonges steane fier fan it deistige itenspakket ôf. Moannen letter, mei de kryst, krigen wy noch in kaart. De staazje hie yndruk makke,” tocht Monsma.
En dan de ruilferkaveling. Dy makke it buorkjen ek nofliker. De fiif ha. lân op ôfstân kaam ek by de pleats te lizzen.
Johannes woe heit graach opfolgje. Hy wurke earst yn maatskip mei syn heit. “Wy wurken tegearre mar ik gong altyd nei Saakje ta om kofje,” seit Monsma.
Yn 2006 naam Johannes de buorkerij oer. Jan en Saakje hiene it hûs op ’e Hegedyk wylst kocht en setten har dêr yn 2000 nei wenjen. Johannes kaam op ’e pleats en wenne dêr letter mei syn freondinne oant it slimme ûngelok yn 2008 by de bou fan in nije lisboksstâl. Dat wie in hiele slach. It grutte fertriet om de soan dy’t se misse moasten en letter ek om de pleats dy’t ferkocht wurde moast, wie dreech te ferwurkjen. De pleats wie it libbenswurk fan Jan en Saakje. Boppedat ferwachten de jongelju in berntsje, dochter Marije.
”Van der Weij, dy’t no op ‘e pleats sit, hat sein dat ik altyd wolkom bin,” fertelt Monsma, “mar yn de praktyk komt it der hast net fan.”

Papingastate is in pleats mei in skiednis. Monsma ferdjippet him graach yn de histoarje.
“Op it plak fan de pleats stie earder de Papingastins. Yn de slotgrêft, dy’t der no noch leit, binne resten fan fûneminten fan de poarte fûn. De pleats, dy’t by de stins hearde, lei  doe in eintsje mear westlik.”
Op de stins hat Kinsck van Ropta (1508-1581) eartiids wenne. Sy en har earste man ha in weeshûs stichten yn Westernijtsjerk. Kinsck woe wat dwaan foar de wezen om’t se sels jong har âlders misse moast. Ut har besittings troch erfskippen fan har âlders en har trije houliken, koene de wezen dêr op de Tjallingapleats (letter yn Huzum, Ljouwert) wenjen bliuwe en krigen earme widdowen plak yn in hûs oan de Kûperssteech yn Weidum.
No hat de Stichting Tjallinga Weeshûs yn Amersfoort de soarch foar it behear fan it fûns, mei as bestjoersleden twa Buma’s en ien Langhout. De opbringsten út 76 ha. lân spekke noch altyd de kas. It stypjen fan  jeugd dy’t it swier hat, is de earste doelstelling fan it fûns.
“Mar de útjefte fan it boekje oer de Weidumer tsjerke dat in pear jier lyn útkaam, is ek mei stipe fan it fûns ferskynd,” fertelt Monsma.  ”Ik ha 23 jier yn de tsjerkfâldij sitten. Wy makken geregeld in rûntsje om it gebou om te sjen hoe’t it der boukundich foar stie. Sadwaande waarden der gauris lytse restauraasjes útfierd en koene hege kosten tefoaren kommen wurde. En sa bin ik ek yn de tsjerkeskiednis ynteressearre rekke. Kinsck van Ropta leit begroeven yn de Weidumer tsjerke lykas har earste en twadde man.”
Doe’t oan de súdkant fan Weidum nijbou kaam, wisten Jan en Saakje wol in namme foar de strjitte: de Kinsck van Roptawei. En dêr hat Monsma út syn hûs wei moai it sicht op.
“Dy nijbou wie it lêste bestimmingsplan yn Weidum. Letter hat noch sprake west fan útwreiding yn it Middelseegebiet mar dat plan waard nei in earste tasizzing dochs noch ôfkard troch de provinsje. Oan de oare kant fan Weidum waard noch buorke. As dêr boud wurde soe, rekken dy pleatsen lân kwyt. Dêr wiene wy as boeren net foar,” seit  Monsma.

Jan en Saakje wiene beide warber yn it Weidumer ferieningslibben. Jan yn de tsjerke, de begraffenisferiening en de iisclub. Ek is er al in skoft aktyf yn de histoaryske wurkgroep fan It Pleatslik Nut mei Jan Suierveld en Jeppe Teensma. Saakje hat yn de merkekommisje sitten. Dy organisearre ek aktiviteiten foar de bern en in krystmiel foar de âlderein. Der wie altyd drokte mei de merke lykas mei it opbouwen fan de weinen foar de optocht. Dat koe moai yn de skuorre.
Doe’t de frouljusferiening it 60+ reiske net mear organisearre pakte Saakje dat op yn gearwurking mei Harm Hallema en Jan Nauta. Dat ha se jierren mei har trijen dien mar letter wie der te min dielname. Trije jier lyn is it jierlikse reiske opholden. It koe net mear út.

Yn 2013 is Saakje nei in slimme sykte stoarn. “Ik mis myn frou noch alle dagen. Mar ik ha in soad stipe hân fan de minsken om my hinne. En fan myn soan Tjaarda en syn frou Jacqueline,” seit Monsma.
Tjaarda, Jacqueline en de beide bern Senna en Ruben wenje net fier ôf yn in hûs oan de Hegedyk. As pake wer ris te fytsen giet, roppe de jonges him faak oan.
“Gelokkich ynteressearje ik my foar in soad dingen,” seit Monsma. “Ik ferdjipje my noch altyd yn histoaryske saken en ik mei graach lêze. De televyzje stiet net in soad oan! En ik rin in soad om te oefenjen foar de Alvestêdetocht en de Slachte (beide fiif kear útrûn). Dan rekket de holle leech. Sûnt koart ha ik in freondinne en tegearre meitsje wy geregeld útstapkes. Allinne soene je soks miskien net ûndernimme mar no is it gesellich. Sa kinne wy beide noch genietsje fan in hiele soad dingen.”
                                                                                                                                         Janny Bottema.