Lytse Buorren

Op âlde kaarten is te sjen dat oan de kant fan de terp dêr’t de Greate Buorren leit, it earste boud waard). De Grutte Buorren wie it langst en it wichtichst. Foar 1908 stie oan de Greate Buorren it gritenijhûs. De Lytse Buorren wie letter as de Grutte Buorren oanlein. Sânpaed -Eartiids wie it Sânpaed yndied in sânpaad. Om 1910 hinne waard it ferhurde mei strjitstiennen. It Sânpaed rûn eartiids ôf in heechhout rjochttroch nei it westen ta, mear op ‘e pleats fan Swierstra oan. Yn 1940 is dat sa feroare dat er rjocht foar de Grutte Buorren útkaam mei in fêste brêge, allinne foar fytsers. Yn de jierren santich is de haven tichtsmiten. De brêge koe doe ferfalle en de strjitte waard rjochtlutsen nei de Grutte Buorren.  

« werom