Kinsck van Roptawei

De Kinsck van Roptawei is ferneamd nei Kinsck van Ropta (1508 – 15 july 1581) fan Ropta State te Mitselwier, dy sûnt har houlik mei Sjoerd Andla (16 maaie 1541) op Papingastate wenne.

Om´t Kinsck in 1512 har âlders ferlern hie en efterbleau as weesbern en om´t sy sels gjin bern hie, wie se begien mei it lot fan de wezen. Yn 1541 stichte it pear Andla-Van Ropta in weeshûs (it twadde yn Fryslân) op Tjallingastate by Westernijtsjerk (Ferwerderadiel). Kinsck van Ropta liet oan de Weidumer tsjerke 12.000 stiennen nei fan har tichelwurk yn Winsum om in skoalle te bouwen. Ek de earme widdowen waarden net fergetten, want it hûs dat sy yn de tjerkebuorren (red: no de Kûperssteech) kocht wie foar harren ornearre. Kinsck van Ropta is, lykas har earste en twadde man, begroeven yn de tsjerke van Weidum. It weeshûsfûns bestiet noch.  

« werom