Hûnepaadsje

It Tsjerkhôf hie in stek om it te skieden fan it keatslân. In hûn fan de Buma's, mei de namme Sibelia, hie in eachje op de Sibbele, de hûn fan boer Pier de Boer yn de kûpersteech. Alle kearen dat Sibelia loops wie stuts hy it tsjerkehôf oer om by Sibbele te kommen. Hjir kamen in protte klachten oer, derôm hawwe Buma en Pier de Boer in stikje grûn kocht tusken it Tsjerkehôf en de rest fan de terp. Hjirtroch krigen Sibbele en Sibelia in eigen paad.  

« werom