Hanialeane

De Hanialeane is ferneamd nei de Hania State dy’t stie oan de eastkant fan de Hegedyk dêr’t it Sânpaed útkomt op de Hegedyk. Yn 1200 wenne dêr al in Verglius Hania, mar nei 1640 wennen der gjin Hania’s mear.  

De Hanialeane is nei de oarloch beboud. Foar dy tiid wiene der hast allegearre folkstúntsjes en koe men allinne oer de Skildyk en it Sânpaed Weidum ynkomme.

« werom