Dekemawei

De Dekemawei is ferneamd nei it laach Dekema dat fan ± 1200 ôf fan ynfloed west hat yn Weidum sûnt ealman Frâns Dekema de stins en it bestjoer oer Weidum oernaam fan it Lúntsjerkster Kleaster, dêr’t Weidum in úthôf fan wie. Dekema State lei op ‘e hoeke fan de Dekemawei en de Hegedyk, dêr't no de iisbaan is. Fan âlds wie der allinne in binnenpaad mei in heechhout oer de Swette nei Wurdum, dêr’t je te foet lâns koene. Yn 1789 stie Dekema State te keap en yn de beskriuwing wurdt de Dekemawei neamd: “Voorts aan den Noordkant een mooije plantagie en singel aan de Weijdumer opvaart, strekkende sig Oostwaarts uijt nae het Weijdumerhout, sooverre tot dit hornleger behoorende, Dekemalaan genaamd. “

In dy tiid moatst men mei hynder en koetske fan Weidum nei Wurdum gâns omride oer Boksum! Doe’t yn 1837 de dyk ferhurde waard ta púndyk en ûntsletten nei de Rykswei, waarden de mooglikheden al grutter. De dyk waard/wurdt ek wol Weidumerdyk neamd.

Om’t de kastlein yndertiid wol hurddraverijen útskreau foar gewoane boerehynders (‘hynders ûnder de man’) waard de dyk earder ek wol Hurddraversdyk neamd. Op it stik lân yn ‘e hoeke Dekamawei-Wielsterdyk hold men doedestiids altyd de merke. J. van der Tol, âld-ûnderwizer yn Weidum, skreau yn syn stikjes oer Weidum yn 1934: “Sa’n hirddraversbaen as to Weidum foun men nearne. Fen it tolhûs (red: no Looijenga) oant de brêge fan Algera (red: no Weidumerhout) laei in dûbele dyk, ta wegen neist elkoar, fan in seadden richel fen mekoar skaet: dat wier de Dekamawei.”  

« werom