Bornialeane

De Bornialeane is ferneamd nei de Bornia State dy’t oan de súdkant fan de tsjerke fan Weidum stie, neist Papinga State oan ’e ein fan de hjoeddedeiske Kûperssteech op wêr’t no it platte stik lân fan Fokke Looijenga is tusken Bouma en Papingastata. Heechstwierskynlik is it earste hûs boud yn 1634/35. Bornia State wie, nei’t it hûs efkes foar 1763 opnij boud wie, krekt as Dekema State, in sieraad foar it dorp. Yn 1864 is it hûs foar ôfbraak ferkocht en fjouwer jier letter waard it mei de grûn gelyk makke.

« werom