Krystbalkommisje

Yn 1995 hawwe Tjebbe en Klaes de krystbalkommisje oprjochte. Mei in stel freonen waard besletten dat alle jierren om krysttiid hinne in grut feest holden wurde moast. Sy wiene fan miening dat tusken de merke yn 'e simmer en de toanielútfiering, dy't meastentiids yn maart wie, noch in aktiviteit wêze moast foar it hiele doarp. De krystbalkommisje bestiet út in stel freonen dy't 3 kear yn it jier in fergadering hawwe mei as doel it doarpshûs om te bouwen ta in krystbalseal. De kommisje dy't foarme wurdt troch Jaap, Jan-Arjen, Corina, Franci, Klaas P., Tjebbe, Klaes en yn 1998 útwreide mei Sjoerd en Patrick hat der mei noch mear frijwilligers foar soarge dat it krystbal yn Weidum in begryp wurden is! La Grande bal à la Kryst, Das Grosse Weinachtsfest, Spiegelbal, Il balla di Kryst, Tullymore ontmoet Weidum, It Officiersbal, Herberg Hanewald, Het Weens Galabal, etc. wiene jûnen dy't by in protte Weidumers noch oantinkens opropppe. No't de 60-plussers yn de krystbalseal harren krystmiel en de bern harren 'kerstballenballeke' hawwe, kinne we wol sizze dat hiel Weidum in útsje hat om de krystdagen hinne en dat wie wat de krystbalkommisje graag woe. Dat hiene we nei it earste krystbal, doe't de seal fersierd wie mei 100 krystbeammen en 500 waksineljochtjes, nea tinke kinnen,

« werom

Kontakt

Eelke Tamminga
Lytse Buorren 16
9024 EK Weidum
058-2895930