Badminton feriening

Sûnt 2009 is op woansdeitejûn yn de grutte seal fan it Doarpshûs yn Weidum in clubke badmintonners aktyf. Om 19.30 oere wurde earst de fjildlinen lein en de netten ophongen en dan kin it oangean. 
Der wurdt meast dûbel spile. Soms, as der net genôch dielnimmers binne, is der wolris romte foar inkelspul, mar dat komt hast net foar.

We ha in lyts mar trou clubke. 
En we ha in protte wille meielkoar. Dêr giet it ek om: lekker yn beweging en nocht oan de sport. 
Fansels wol elk graach winne, mar noch moaier is it om in spannend spultsje te spyljen. 
De beide fjilden ha net de goede ôfmjittings, mar wy rêde ús prima. 
Op healwei sitte wy efkes gesellich meielkoar oan de tee en om 21.30 oere wurdt de seal wer opromme. 
De badmintonclub is aktyf tusken septimber en maaie.​

« werom

Kontakt

Foar ynformaasje: 
Ytsje Tolsma, tel: 058-2519200
e-mail: ytbericht@icloud.com
Janny Bottema, tel; 058-2519553
e-mail: jannybottema@gmail.com