Rûnkranter juny 2009

27 juny 2009

Wizige op 10-11-2019, 17:06:44

Rûnkranter juny 2009

fan de redaksje: Oft jo no nei Kroatië, Frankryk, Denemarken, Itaalje of de Veluwe geane.... Eltsenien winsket aardich waar, “as ’t mar droech bliuwt”. Mar mochten jo ûnder de famylje gjin Piet Paulusma hawwe of Marjon de Hond, dan hjirûnder in pear siswizen dêr’t jo in hiel ein mei komme: “Bliuwe de mosken yn de rein, dan komt der oan it wiete waar gjin ein” “Dauwe op rein, jout in beskiten ein” “Hoe hurder it reint, hoe hurder it eint” “Seefûgels op it wetter, it waar wurdt better” Mochten jo al op fakânsje west ha of miskien noch lang net gean; hjir yn ús omkriten binne genôch oare geweldige aktiviteiten om ris hinne. Bygelyks fan 5 o/m 31 july de Snitser Simmer, op 18 july it Keningsljeppen yn Burgum, op 22 july de Boerebrulloft op ’e Jouwer, of it Skutsjesilen, de PC, de Freule, alle iepenloftspullen, de Snitswike, de Froulju’s PC !! En ta beslút miskien in moai ferhaal foar yn de nije Rûnkranter. Oer wêr’t jo west ha of oan meidien ha. Oer in soad saken dy't har de ôfrûne ôfspile ha, stiet in ferslach yn dit simmernûmer. Saco Hemstra hat bygelyks wer yn petear west mei in ikoan fan Weidum. Sjoch foar dat ferslach en in tal oare ek op dizze website by Rûnkranter. As jo kopij ha foar de earste Rûnkranter yn it nije seizoen, dan kinne jo dy ynlevere foar 24 septimber. Op 15 oktober leit it okobernûner by alle abonnees yn ’e bus. Mar wy winskje jim earst allegear in hearlike simmer, mei as it treft skitterend moai waar. En oars der mar op út ! Foar de redaksje, Janneke de Boer.