BLIK OP IT FERLINE Skiep op it keatsfield

14 novimber 2013

Wizige op 29-11-2019, 09:41:55

BLIK OP IT FERLINE Skiep op it keatsfield

Skiep op it keatsfield Yn eardere dagen wisten je dat de hjerst kaam as der skiep op it keatslân brocht waarden. Wie it keatsseizoen dien, dan wie it oan de skiep om de gersmatte wer sterk te meitsjen. Nei de winter helle Willem Tamminga de bisten der wer ôf. Yn 'e simmer koe der dan mar wer omraak keatst wurde op in moai grien fjild. Yn de tiid dat der noch gjin meanmesines wiene, moasten skiep it gers koart hâlde. Doe wie it dus krekt oarsom en wiene de skiep simmers op it fjild. Mar wa’t skiep seit, seit ek skieppestront en dus moasten der earst keutels socht wurde ear ’t der keatst wurde koe. Marten Hagedoorn die dat doedestiids (opfolge troch tal fan oare frijwilligers, wa soe soks hjoeddedei noch dwaan wolle?). Oan ’e ein fan de simmer waard it lân 'skieppich', tiid om de bisten te ferweidzjen nei in oar stik lân. Jo kinne je it je no net mear foarstelle mar it keatsfjild hat net altiten keatsfjild west. Foar de oarloch wie it 'holgat' yn trije stikken ferdield mei in grutte hage dwers oer it fjild as skieding tusken de perselen. Foar molkriders joech sa’n kampke lân plak om it hynder dêr ’t se de molkwein mei lutsen ticht by hûs te hawwen. Nei de oarloch waard de keatsklub eigner fan it lân. De skiep ha it fjild fertsjinne, mei de lammen dy 't se krigen. Wat sa'n stikje grûn net al meimakke hat.... Katja Westra, mei meiwurking fan Jan Monsma en Jeppe Teensma (Argyf Wurkgroep Histoarje)