Skiednis

  Algemien
Weidum is in doarp yn it easten fan de gemeente Littenseradiel.
It doarp hat likernôch 620 ynwenners (2004). In grut evenemint is de jierlikse Froulju's PC. Op dy keatspartij wurdt útmakke wat it bêste froulju's pertoer is. It doarp stie oarspronklik op in terp, dêr't it grutste part fan ôfgroeven is. Op wat der noch fan oer is stiet in 13e ieuske tsjerke mei in toer fan dowestien út de 11e ieu.
By Weidum stiet ek in Amerikaanske wynmotor.

  Strjitten fan Weidum
Weidum hat in 15 tal strjitten, hjirûnder fynst in oersjoch.
Klik op in strjitte foar mear ynformaasje.

Bornialeane, Bumaleane, De Strûken, Dekemawei, Greate Buorren, Hanialeane, Havenspaed, Hegedyk, Idzerdaleane, Kinsck van Roptawei, Kûpersteech. Lytse Buorren, Sânpaed, Skildyk, Wielsterdyk.


  Weidum doe en no
Ut it Weidumer argyf hawwe we in tal âlde foto's krigen en op it selde plak hawwe wy no wer in foto makke.

Der komme mear!!

Klik hjir om de foto's te besjen

  Knipsels
Dat der in protte feroare is yn weidum yn de ôfrûne 100 Yn it argyf fan de Ljouwerter Krante steane tûzenden artikels mei it wurd Weidum.
No like it ús wol aardich om de moaiste, grappigste, gekste, ensf. hjir op de website te setten.

Klik hjir om de knipsels te besjen
Wapen fan Weidum



De trepgevels steane foar de edele states fan Weidum: Dekema, Hania, Walta, Papma en Wobbema. De Noardstjer stiet foar it rjochthûs yn Weidum. De rút it it wapen Walta stiet foar de rjochtspraak. - ek Ingus: symboal fan de fruchtbere Memme Ierde.-


States en Stinzen

Dekema State ynfo »
Bornia State ynfo »
Hania State ynfo »
Walta State ynfo »
Papinga Stins ynfo »


Weidumer Folkslied




Klik op it plaatsje foar in útfergrutting