Senioaren Platfoarm Littenseradiel: Prate oer gedichten

15 febrewaris 2016

Wizige op 28-11-2019, 09:44:28

Senioaren Platfoarm Littenseradiel: Prate oer gedichten

Oan alle belangstellenden yn de Gemeente Littenseradiel

Wite blommen draach ik oan

Meikoarten kom ik wer nei Mantgum om oer gedichten te praten. Dit kear nim ik wite blommen mei, want ik wol it hawwe oer it ûnbeneambere yn ús bestean. Oer datjinge wat de dichter bedoelt, as er skriuwt: lees maar, er staat niet wat er staat. Ik hoopje alle minsken dy't ferline jier mei my op reis west hawwe troch it lân fan de poëzy wer te treffen foar in ynspirearjende middei. Mar nije belangstellenden binne ek tige wolkom.

Dus graach oant sjen yn De Wjukken op tongersdei 17 maart 2016.
Tiid: 13.30 -15.30

Hylke Tromp

En o ja: mochten jmme sels in gedicht ynbringe wolle dat mooglik by it tema past: mail dat dan nei: info@seniorenlittenseradiel.nl  
Wa wit wat derfan komt.

Oanmelde foar 14 maart
Kosten € 6,50 incl. kofje/thee, oan ‘e seal te beteljen.
e-mail: info@seniorenlittenseradiel.nl
tillefoan: 058-2501303