Klunwedstriid mei nei ôfrin Stamppot-ite!

14 maart 2016

Wizige op 28-11-2019, 09:49:59

Klunwedstriid mei nei ôfrin Stamppot-ite!

By it ütbliuwen fan iis yn'e fearten organisearje wy as iisclub:

20 maart in KLÚNwedstriid mei nei ôfrin stamppot-ite.

It klunen fynt plak njonken it keatslân op'e strjitte. Start: 17 oere. It iten dogge we yn it doarpshûs, rûn 18.30 oere.
Opjefte (oan't 16 maart) kin fia iisclubweidum@gmail.com as troch it briefke yn te leverjen by Sepkje vd Vegt, Hegedyk 3a.
Dielname kostet €7.50 p.p. dat is inkl. iten. Drankjes bin foar eigen rekken.
(opjefte foar allinnich it iten is ek mooglik)

Graach namme, leeftiid trochjaan en wol as net dielname oan it klunen!

Sels redens, wanten en in mûtse meinimme!

Wa't noch flierbedekking ta beskikking hat, kin kontakt opnimme mei Cees Elgersma 06-29234964

It wurdt in spektakulair barren mei sensasjonele prizen!

Bestjoer IISCLUB Weidum