Hot Stop

19 july 2016

Wizige op 27-11-2019, 15:03:20

Hot Stop

De passy fan Wouter Bouma foar de band Hot Stop dêr’t hy de drummer fan is.

De band is al oan it spyljen at ik op de souder fan it hok kom (lês: muzykstudio) by Ait-Jan en Dieuwke Bouma. It is de band Hot Stop, dêr’t Wouter Bouma de drummer fan is. It klinkt prachtich! De ôfrûne wiken ha ik oan de kant fan de dyk gauris buorden stean sjoen fan Hot Stop. Ik bin nijsgjirrich wurden nei dy band dy’t dit jier ek op High-Night spylje sil.

Nei in oantal nûmers is de band wol klear foar High-Night. De bandleden binne sa goed op elkoar ynspile dat se wol oanfiele hoe’t in nûmer rinne moat. Se komme by my oan ’e bar sitten en we ha in petear.

Hot Stop is yn 2012 begûn mei twa fan de muzikanten. Ruurd Sinnema syn heit en mem hiene in jubileum. Heit fûn eins dat Ruurd mei syn maat Klaas Wijbrandi (beide ύt Wergea) wol wat nûmers spylje koe. Klaas hie in aardige stim en beide spylje se gitaar. Nei dat smûke optreden kamen der fersiken om op ferskate oare feestjes te spyljen. Sa spylje de mannen al wat jierren op it WK Teatsen yn Wergea.
Se makken harren sels unyk troch akoestysk te bliuwen. It wie in sfearke fan ‘om it kampfjoer’. Mar de mannen woene nei in tal jierren dochs grutter. En dan moatte je de besetting útwreidzje,

Berber de Boer (sjongeres fan de band) wie in bekende fan de beide jongens. Sy hiene op de basisskoalle by elkoar yn ’e klasse sitten. Berber wie altiten al oan it sjongen. De kar foar Berber kin ik goed begripe. Wat in prachtige stim!  Se hat in grut berik en leit in soad gefoel yn ’e nûmers.
Wouter is der by tafal by rekke. Hy wie op de Wergeaster merke en rekke yn petear mei in kunde fan de bandleden. Dy fertelde dat de band noch in drummer nedich hie. Wouter hat dêr doe gjin gers oer groeie litten. Hy is op Berber ôfstapt en sûnt dy tiid hat de band ek in drummer.
Rick Heida (bassist) is derby kaam nei in opmerking fan Ruurd. Dy sei  tsjin him: “Ast meidwaan wolst dan moatst op ’e basgitaar. Rick hat de folgjende deis op Marktplaats sa’n ynstrumint op ’e kop tikke en in moanne oan it oefenjen west. Mei syn muzikale talint koe dy doe ek oanskowe.

No binne se op it punt kaam dêr’t Wouter in oantal jierren lyn fan dreamde. Hy sei doe tsjin syn heit: “Op de High-Night, dêr wol ik spylje!” Je moatte der wol oan wenne om foar sa’n grut publyk op te treden. De kribels geane dan flink troch it liif, mar dy binne fuort at it earste nûmer begjint.
De boekingen komme no net alline mear ύt bekende kringen, mar ek fan bûten. In pear wiken lyn hat de band yn Emmeloord spile.

Ruurd syn ambysje mei de band is grut. Hy wol, at it moat, alles wol oan ’e kant sette om dêr syn brea mei te fertsjinjen. De band hat oant no ta ien eigen nûmer. Fierder is it repetoire breed. Sa hat de band ek spile op in ‘Rock ’n Roll’ feest.
Hot Stop is noch op syk nei in toetsenist. Leafst ien dy’t yn ’e selde faze fan it libben sit as de oare bandleden. Freonskip en elkoar begripe, is wichtich foar harren. De bining soarget mei foar it sukses.

Hot Stop spilet op 8 oktober yn Martini Plaza, Grins. Dêr docht de band mei oan in wedstriid om de bêste coverband fan de trije noardlike provinsjes te wurden. Op it stuit steane se mei in oare band al boppenoan yn Fryslan.
De winners fan Grins meie troch nei Paradiso. Dat is de iennichste wei om as coverband te stean yn Paradiso. Graach wolle se in bus fol Weidumer en Wergeaster fans mei ha nei Grins, foar stipe. Fierder steane se noch yn it foarprogramma fan Stageline en Jill Jackson (dy hat ûnder oare songen mei Bryan Adams)

Dat we noch in soad hearre sille fan dizze band, dêr ha ik gjin twifels oer!

Grietje Meulenaar.